Weppers freed 10-2-2022
11 februari 2022Weppers moandei 14-2-2022
14 februari 2022Sa’t jim fêst al witte binne SDS 1 en SDS 5 midden dizze wike al ôflast fanwege koroana dêr en hjir.
Dêr is noch hiel wat bijkommen.
Dit bliuwt der oer.
Hawwe jim in ferslach, in (alvetal)foto of oars wat aardichs mail it nei. Mail it nei aant@vv-sds.nl of willem@vv-sds.nl! Appe nei Aant mei ek 0655117582.
09:00 | SDS JO11-1 – Oosterlittens JO11-3 | |
09:00 | SDS JO9-2 – Minnertsga JO9-1JM | |
09:45 | ST SDS/Nijland JO15-2JM – LSC 1890 JO15-5 | 2-1 |
10:00 | SDS JO8-1 – Makkum JO8-1 | 3-2 |
11:00 | SDS JO13-1 – LSC 1890 JO13-2 | 2-1 |
12:00 | SDS JO19-1 – Wykels Hallum JO19-1 | 1-1 |
14.30 | Oefen: SDS 2 – Frisia 2 | 1-1 |
10:15 | St. Jacob JO10-1 – SDS JO10-1 | |
10:30 | Delfstrahuizen JO17-1 – ST SDS/Nijland JO17-1 | gnt |
10:40 | ONT JO15-1 – ST SDS/Nijland JO15-1 | gnt |
10:45 | vv Sneek Wit Zwart JO8-2 – SDS JO8-2 | |
12:30 | SJO DFC JO12-3 – SDS JO12-1 | 1-6 |
14:00 | VVI 3 – SDS 3 | gnt |
14:30 | ST BMJ VR1 – SDS VR1 | gnt |
SDS 2 oefent
SDS 2 oefene juster tsjin Frisia 2 ûnder lieding fan skiedsrjochter Hendrik Sweering. De wedstriid gie lyk op, mar troch in ôfstânsskot, dy troch de leechhingjende sinne dreech te sjen wie foar keeper Mark Klijnsma, gie der samar yn wêrtroch Frisia mei de rêst mei 1-0 foar. De twadde helte gie SDS fol op syk nei de lykmakker en krige kâns op kâns. It wie úteinlik Steven van der Pol dy ’t de 1-1 makke. Kânsen op 2-1 wienen der seker ek, mar de bal woe der neat mear yn.
Nije wike mei SDS 2 wer los foar de kompetysje thús om 14.30 oere thús tsjin koprinner Drachtster Boys 4.
Minileague
Je sil mar je earste fuotbalwedstryd ea spylje en drekt starte yn it shirt fan ut Nederlansk âlvetal! It oerkaam hjoed Renske Politiek en Luc Wagenaar, de 2 nye stjerren fan de mini league. It bestjoer fan SDS had op e nij soarge foar in stel shirts, tyge legendaryske ek noch! Bedankt SDS! De jeugd had der wer sin oan. In moai sintsje, alders, beppes, pakes en oare fans stean wer yn grutte oantallen lâns de line. Sa heard it te wêsen!
Tjerk
SDS JO8-1 wint yn spannende striid
Mei 3-2 wint SDS JO8-1 fan Makkum JO8-1
SDS JO 13-1 wint
SDS JO13-1 helle in moaie 2-1 oerwinning op LSC 1890 JO13-2
Gelykspul SDS JO19-1
Goed sjoen Tsjerk Andringa, it wie gjin bûtenspul…….
Efkes super Balje
Mochten der yn dit stikje te folle superlativen stean, nim se dan mei in kilo sâlt. Ik kin net los komme fan spraakwetterfal Erwin Wennemars dy’t dizze wiken myn favorite radiostjoerder RADIO 1 fersmoarget mei syn oerdreaune kommentaar op de geweldige prestaasjes fan de geweldige sporters op de geweldige winterspelen.
Dus haw ik it oer in prestaasje sûnder wjergea dan is dat in hiele gewoane aksje.
Op dizze bûtengewoane moaie winterjûn koene wij 12 superfitte mannen wolkom hjitte. De pypjonge Eeltsje Bootsma wie debutant en syn aksjes wiene ûnneifolgber. Hij makke diel út fan it superdeeglik en betiden flitsende team heit/soan Hylkema.
Sij wisten nei in skynbere tige grutte efterstân (3 doelpunten) gelyk te kommen en sels rojaal foar (1 doelpunt) foar. De supersportive tsjinstanners neame wij foar it gemak mar efkes team heit/soan Korbach.
Mei eachferblinende oanfallen mei in net ôflittend entûsjasne wisten sij supergoed bij te bliuwen mar krigen yn de alder…alder…alder lêste minuten trije supergrimitige en supergemiene kounters om de ûnderwilens lang net stienkâlde earen fan it boppemjittige fûle team Hylkema.
De einstân 9-6 flokte ûnwierskynlik mei it ferskil tusken de teams yn it fjild.
It tige tsjinfallend publyk seach dan ek rekhalzjend út nei de altyd eachferblinend spannende finale fan 2 doelpunten.
De 1-1 wie yn in diare-eftige poep en skeet helle mar de 2-1 foel mar net. Nei hearen en sizzen is dy wol fallen mar doe stie myn burd al foar de eagen en kin ik jim de makker net melde.
Thús radio 1 oan foar it lêste sportnijs en doe hearde ik him wer: Erben W.
Miskien mei ik dat wol net sizze fan Vera Bergkamp fan de twadde keamer mar ik doch it al.
Ik wurdt knettergek fan dy man.
Team Hylkema: Wouter, Remco, Kerst, Sipke, Klaas en Eeltsje
Team Korbach: Ferrie, Stan, Frank, Johan, Harrie en Aant