Weppers freed 10-1-2020
10 januari 2020Weppers moandei 13-1-2020
13 januari 2020SDS 2 – Scharnegoutum 2
SDS 2 hat fannemiddei oefene tsjin Scharnegoutum 2. Bij in izich kâlde wyn wie it bij it skoft 0-0 en wiene der goeie kânsen foar SDS 2.
It doelpunt fan Scharnegoutum foel krekt nei de thee, doe’t de measte taskôgers noch oan hânwaarmenjen wiene mei in bak kofje yn de hân.
It wie fansels sneu foar koach Okke van der Kamp dat hij de gelykmakker net sjoen hat, want krekt op dat momint frege ien fan de wepmasters him hoe’t it neffens him gie. Okke seach efkes efterom en it stie 1-1. Wesley van de Wint skoarde. De einstân wie ek 1-1.
OFK
De finaledei fan it OFK yn Frjentsjer einige yn oerwinningen fan Drachtser Boys (froulju) en Drs. Vijfje bij de mânlju.
Efkes Balje
Wij as Efkes Ballers woene ús maatskiplike ferantwurdlikheid pakke.
Dat heart no ien kear sa yn dizze tiid.
Wij tochten oan it ferlienen fan neisoarch.
Pyt Paulusma stie op ús listje no’t er bij SBS 6 syn sjowaar net mear presinteare
Mar Peter R stie fansels boppe-oan ús list fan twa.
Hoe soe it mei him komme no’t er allegear nije praat/eamelprogramma’s fan start gien binne.
Alleswitter Peter R, soe dy wol wer útnoege wurde? Wij tochten it wol mar hoopten it net. Dan soene wij him yn ús neisoarch trajekt sette. Hij soe moai tidens it Efkes Baljen it yntreehokje bemanne kinne. De minsken dy’t komme oan de praat hâlde mei syn opwyndende stim. Tidens de wedstriid soe hij dan útsykje kinne at der gjin kriminele aktiviteiten plakfine om it fjild hinne en omdat hij gewoan oeral ferstân fan hat soe hij in Var eftige rol krije kinne: de PIDDIS (PeterIsDeIenigeDytItSjocht).
Mar it gie net troch. Tongersdeitejûn mocht hij myn tillefysjejûn wer bedjerre. Bij Op1 is spesjaal foar him in hiele grutte tafel sadat er genôch romte is foar syn ego. Hij mocht yn twa folsinnen (de iene fan 8 en de oare fan 9 minuuten) út in âlde doaze fertelle. Ik wurdtsje “ik” helle de 100 en “mijn stie mei 78 kear op in twadde plak.
Dus gjin opfang en ek net fan Pyt P, want dy moast nei de moanne sjen, dus koene wij gewoan balje sa as altyd. 17 man mar leafst.
De 4 jongsten, wêrfan 3 ûnder de twintich mochten in team foarmje mei de 4 âldsten, wêrfan tenminste twa 6 krúske hawwe.
Dizze 8 mochten oantrede tsjin 9 fuotballers fan middelbare leeftyd.
Jong/âld kaam mei 2-0 foar en moasten wat langer de striid duorre tasjen dat de middelbaren der ek wol wat koene. It waard 1-2, it waard 2-2. Dat bleau it hiel lang en mei noch in minút as 5 te gean like it in wûnder dat de 8 stân hâld koene.
Net dus. It kletsende kopbal fan Harrie soarge foar de 2-3 en waard yn de lêste de minút ek noch 2-4 en 2-5.
Tiid foar de finale. De middelbaren liken 1 doelpunt in goed idee, mar it optimisme bij jong/âld wie grut dus hoopten sij noch in oplibbing te krijen, want de jeugd soe noch wol wat lucht oer ha kinne.
It slagge net.De kounter soarge foar de 0-1 foar 9 gelokkige middelbaren en it wie Bonne Wiersma sels dy’t it allesbeslissende doelpunt oantekene mei syn knibbel.
Konklúzje: tidens in moannefertsjustering kinne je gewoan hearlik balje. Neisoarch foar jong/âld is net nedich want sij sjogge werom op in moaie pot en neisoarch foar de middelbaren hat al like min sin.
Middelbaren: Johan, Harrie, Ferrie, Remco, Frank, Folkert Rients, Menno, Bonne en Kerst
Jong: Sjirk Jetze, Jurjen, Douwe Jan, Michael en wat âlder: Klaas, Wouter, Sipke en
Aant