Weppers freed 9-5-2025
9 mei 2025SDS FIFA-toernoai op freed 16 maaie. Giet net troch….
11 mei 2025Mei 6 wedstriden en 13 útwedstriden is it wer “moai” ferdield.
Wij gean der dan ek fan út dat de measte binnen út helle wurde.
Foar SDS 1 al wer in wichtich potsje. Punten binne nedich foar in moai ferfolch, mar foar Marrum is dit ek in wichtige wedstriid.
Sij sjogge noch nei ûnderen.
09:30 | SDS MO11-1 – LSC 1890 MO11-1 | 1-1 |
09:30 | SDS JO10-1 – S.C. Stiens JO10-1 | 6-4 |
09:30 | SDS JO9-2 – fc Harlingen JO9-1 | 5-4 |
11:00 | SDS JO12-1 – SC Joure JO12-2 | 3-4 |
14:30 | SDS 1 – Marrum 1 | 4-0 |
14:30 | SDS 4 – V.V. Heeg 3 | 4-2 |
08:45 | SC Franeker JO10-3 – SDS JO10-3 | |
08:45 | LAC Frisia 1883 JO9-3 – SDS JO9-1 | |
09:00 | QVC JO15-1 – ST SDS/Nijland JO15-1 | 3-3 |
09:00 | NOK JO14-1JM – ST SDS/Nijland JO14-1 | 4-1 |
09:00 | ONS Sneek JO11-2 – ST SDS/Nijland JO11-2 | 5-0 |
09:00 | SJO AVC/Tzummarum JO10-2JM – SDS JO10-2 | 4-4 |
09:00 | Irnsum JO8-2 – SDS JO8-1 | |
10:00 | Terschelling JO8-1JM – SDS JO8-2 | |
10:30 | Makkum JO13-1 – SDS JO13-1 | 3-5 |
10:30 | LSC 1890 JO11-2 – SDS JO11-1 | 0-5 |
13:15 | LAC Frisia 1883 JO19-2 – ST SDS/Nijland JO19-1 | 0-3 |
14:15 | Sneek Wit Zwart 3 J/M – SDS 2 | 1-3 |
15:15 | NOK 4 – SDS 3 | g.n.t. |
Freedtejûnsfroulju
▫️WPB – SDS 0-0
▪️SDS – ONS 0-2
▫️Jirnsum – SDS 2-1
▪️SDS – SWZ 0-3
Gjin súksesfolle jûn, mar wol in gesellige jûn neffens de froulju fan de 7×7⚽️.
Oer 2 wiken meie sy alwer foar de lêste kear balje.
Dan spylje sy yn Easterein!
SDS 1 – Marrum 1 4-0
Douwe
Doelpunten SDS 1
Doelpunten: Matthijs, Ate, Ate, en………
Nim no mar in foto, seit Durk Okkema, want dizze giet der yn.
Lourens nimt de hoekskop, de bal komt moai heech foar.
en dan leit er der yn.
De skutter stie net foar it doel, want it wie Lourens sels dy’t de 4de skoarde.
Pupillen fan de wike
Ids Politiek en Tys van Wijngaarden wienen de pupillen fan de wike en mochten mei de wedstriidbal op de foto.
Tys gie noch mei keeper Mark Klijnsma op de foto.
Ids gie mei Pieter Sijtsma op de foto.
Sneek-Wit-Zwart 3 – SDS 2
SDS 2 die goeie saken en wûn yn Snits mei 1-3 fan vv Sneek-Wit-Zwart. Dêrnei bleaun it noch lang ûnrêstich yn de stêd.
Kommende tongersdei spilet SDS 2 syn lêste kompetysjewedstriid fan it seizoen om 20.30 oere thús tsjin IJVC 2.
0-1 Niels Hiemstra, assist Wessel S.
1-1 Penalty SWZ
1-2 Wessel Wijnja, assist Lieuwe
1-3 Sjirk Vellinga, assist Wiltsje
SDS 4 – Heeg 3
SDS 4 koe balje mei help fan in pear jongens fan SDS 3 en hjir wienen de mannen wiis mei. Hendrik de Jong sette SDS 4 ynde earste helte op 1-0 nei in knappe stekbal fan Tsjipke Okkema. Willem makke dêrnei eindelijk syn earste goal fan it seizoen nei in skot dy’t de keeper eins hawwe moast. De 3-0 siet der ek wol yn foar SDS, mar wêr as Willem de bal flak foar de goal op in spiler skeaun dy’t op de line stie en Aiso de bal yn de goal like te sjitten wie it Mark dy’t mei syn dikke tean de bal noch efkes in tikje joech en bûtenspul stie.
Yn de twadde helte kaam Heeg op 2-1 en waard it spul fan SDS wat ûnrêstiger. Doe’t Tsjipke knap de 3-1 makke nei in trijedûbele ien-twa binnen de sechtjin meter mei Feite like Heeg ryp foar de slacht, mar op ‘e nij skoorden sy en mei 3-2 wie lieder Floris der noch net gerêst op. Doe’t Tsjipke op ‘e nij nei in dûbele ien-twa de 4-2 makke wie de wedstriid spile.
In alderaardichste sportive wedstriid mei in prima liedende skiedsrjochter Tseard Dijkstra.
Nije wike mei SDS 4 noch ien kear balje dit seizoen út tsjin Mulier 2 om 12.30 oere mei nei de tiid in barbekjoe en muzyk fan Sytse Haima yn Wytmarsum.
Frisia JO19-2 – SDS-Nijland JO19-1 0-3
De JO19-1 docht it mar knap yn de 1e-Klasse. Sy steane gewoan dield earste mei sc Stiens JO19-1 mei in wedstriid mear spile. Juster wûn SDS-Nijland JO19-1 mei 0-3 fan Frisia JO19-2.
Kommende sneon spilet de JO19-1 thús om 10.00 oere thús yn Nijlân tsjin middenmotor Leeuwarder Zwaluwen JO19-1.