Sjoerd favoryt bij liften

3e Krystdei sealweppers
27 december 2010
Twitters 10xlifte
28 december 2010

Sjoerd van Beem is de grutte favoryt om de 10de liftwedstriid te winnen. En dat is moai wat it is ta eintsjebeslút ús SDS Sjoerd. Hij wint dit jier. Dat binne wij wis fan. Hij kin it allinne wol winne. Hij hat gjin maat nedich mar it binne no ien kear de betingsten. Tegearre lifte moat. Sa kinne se elkoar kontroleare dat se net bij fersin yn in Fiat Multipla stappe.
Sjoerd giet dus mei Teade de Boer. Dat is al in pear kear syn lift maat. Jan Stenekes wie syn earste liftmaat en dat befoel ek skoan mar mei Teade is it gewoan better. Want Jan hie de ferfelende gewoante om allinne mar mei ride te wollen at Nirvana draaid wurde mocht yn de auto en dat skeat net echt op.
Ferline jier nei Stirling yn Ingelân wie de strategy fan Sjoerd en Teade ek prima. Net te folle oan de dyk stean, relakst op in
bootsje, de natoer wat yn en net as lêste einigje. Se hawwe harren doe sparre.
Dit jier lykje se wat langer yn in auto sitte te moatten. De boat Harns – Venetie is al in skofke út de feart en wij meie oannimme dat se dat yn de smiezzen hawwe.
De mannen (!), dêr bedoele wij Teade en Sjoerd mei, dy hawwe alle liftboeken lêzen en alle liftfilms sjoen. Sij hawwe oefene op de van Sminealeane mei in biertender, op de Walperterwei mei in twapersoans bêd en op de Hottingawei mei in bouvier in lift te krijen. Sij binne de buorren net út west.

Fan wa soene sij konkurrinsje ha moatte. Dochs net fan SDS-er Sytse Hibma en VVV-er Jimmy Linders. De Fries dy’t in Limburger ferstiet en de Limburger dy’t Frysk lêze kin. Jimmy is krekt út de meters snie fan Limburg nei Wommels reizge en sjocht der as
in snieberch tsjinoan dy kant wer út te gean. Dy twa sjogge wij werom kommen at Jimmy de earste snie sjocht. Krekt foarbij Swolle dus. De famylje Hibma moat de doar mar net op slot dwaan, want der komme let op de jûn noch ferklomme sliepers, tinke wij.

Konkurrinsje is der seker net te ferwachtsjen fan it team fan Wybren  Jorritsma en Namkje Koudenburg en it team fan Tsjeard Hofstra en Beitske Kooistra. Dy twa teams sille te folle opelkoar lette, sillle elkoar net út it each ferlieze wolle en sa sjogge wij se op ferskillende benzinestasjons mei harren fjouwereren stean te liftsjen. En wij hawwe heard dat se earst ek al fêst in earerûntsje troch
de Legean liftsjen wolle. Omdat de froulju dêr wei komme. Boppedat hat it kâns dat Beitske noch ynset wurdt om te bemiddeljen yn de fierstente grutte gemeente Snits, wêr’t har partij (FNP) oan de kant set is en dêrtroch it Frysk yn de Sudwesthoeke de nekke omdraaid wurdt.

En hoe sit it mei Wytske Vermeulen en Arjen Klaversma. Twa Mantgummers, hoewol Wytske út it kreative doarp Kûbaard komt. Hawwe sij in kreatyf plan om de oaren in hak te setten? Wij tinke it net. Sij binne sa’t it skynt kâldklommers want yn de oanrin nei dizze wike joegen se oan dat se graach stoelverwarming op de weromreis yn it fleantuch ha wolle. Mei sok praat witte je gelyk dat in oerwinning der net yn sit, want restaurants binne waarmer as lifte oan de dyk.

Marije Peenstra en Roelof Fopma binne dat kânshawwers? Dat is noch mar efkes de fraach. Dúdlik is dat Marije sjen lit dat se karakter hat. Ferline jier in hiele, hiele lange hinnereis  yn in klearebare winter en dan no der wer stean mei in debutant, dy’t wij noch net kinne. At Roelof krekt sa goed lifte kin as
websiden meitsjen dan komt it wol klear. Mochten se opladers en genôch tillefoanen meinimme dat slute wij net út dat se oankomme.

Jaring Rispens en Simone Kingma soe de ideale kombinaasje wêze kinne. Mar ferfelend mei al dy brannen en oanridingen yn Fryslân.  Jaring wol der mei syn
Stjoerder hieltyd op ôf, let mear op P2000 en syn twitters wêrtroch te faak Simone him dúdlik meitsje moat dat se mei in liftwedstriid dwaande binne en dat it doel Italie is net in auto yn de sleat bij Piaam.
Ek Simone is debutant en op ien of oare wize fine wij it moedich fan har om te besykjen Jaring op tiid binnen te krijen.

Nee, Sjoerd en Teade hawwe gjin konkurrinsje, dat is dúdlik. En at se sa no en dan ek noch de krekte posysje trochjouwe dan soene wij der frede mei ha dat se wûnen.