3e Krystdei sealweppers

SDS League: Team Klaas wint!
27 december 2010
Sjoerd favoryt bij liften
28 december 2010

SDS-frouljussealtoernoai
Jûn
 is der wer it jierlikse SDS-frouljussealtoernoai.
Dit begjint om 19.00. Fansels is it de muoite wurdich om jûn efkes yn de sporthal yn Easterein te sjen.

SDS 2e yn Frjentsjer
SDS is juster 2e wurden op it Krysttoernoai yn Frjentsjer. Yn de finale waard jammerlik mei 2-1 ferlern fan De Lange Plastic.
As 4e yn de poule gie SDS mar krekt troch nei de finaleronde. Yn kear yn de finaleronde seagen wy in hiel oar SDS as yn de foarrondes. SDS jûch hast net in kans fuort en krige oan ’t de finale net in goal tsjin mei troch knap keeperswurk fan Jaap. Fan Blomketerp waard mei 3-0 wûn, fan Zeerobben mei 2-0 en yn de heale finale fan Lovis mei 1-0. Yn dizze heale finale rekke Feite yn de lêste 10 seconden blesseard oan syn ankel wêrtroch hy yn de finale net fuotbalje koe. Jaap, Tsjipke, Jacob-Klaas, Erik, Skelte en Willem koenen it hjirnei yn de finale tsjin De Lange Plastic krekt net bolwurkje. Sy kamen noch wol mei 1-0 foar en koenen dit fêsthâlde oan ’t de rust. Nei de 1-1 like de wedstryd op strafskoppen út te rinnen, neidat Tsjipke de bal op de peal sjitten hie mar 1 minút foar tiid foel de bal yn de kluts by Jacob-Klaas op de hakke wêrtroch de bal yn de eigen goal rolle. Hjirnei wie der net genôch tiid mear om hjir feroaring yn te bringen.

Knap 7e
Ulenborgh Adviseurs mei Sicco, Jildert, Sytse, Johannes, Freek, Wytse en Martin waard juster knap 7e op it Krysttoernoai yn Frjentsjer. Nei 3e wurden te wêzen yn de poule skeakelden sy knap De Doelen út nei penaltys. Yn de 8e finale waard jammerlik ferlern fan Meskenbouw.

Derút
Geert Dijkstra gie der mei Frankena Winsum yn de 16e finales út.

Noch mear
Wy seagen yn Frjentsjer noch mear SDS’ers fuotbaljen. Sa fuotbalden Jan-Friso Bruinsma en Wytze Fopma ek by in ploegje mei.

Harsens derby (364)
Wy hawwe juster yn Frjentsjer in protte moaie goals sjoen, mar sa moai as dizze wurde se net faak makke: