Simmerwepperkes

Wêr hingje de measte kransen?
9 juli 2004
Bekerprogramma SDS 1
12 juli 2004

Suggesties?
As jimme noch wat leuke suggesties hawwe foar de SDS-side, mail dy dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Rekord sjips heechhâlde
It rekord “in bus sjips heechhâlde” is noch altiten yn hannen fan de man út Spannum, Hendrik Eringa. Alle skiep binne skeard, dus hy frege syn baas om in wike frij. Gjin probleem en sa koe hy de hiele wike oefenje. Syn rekord stie op 5. Hy hat dit ferbettere nei 15 kear. Probearje it sels ek ris en klik
hjir.
Lit ús witte as jimme Hendrik ferslein hawwe en mail nei
info@vv-sds.nl.

Keatse om in krâns
De aksje “wa hat de measte kransen oan de muorre” ,soarge der wierskynlik foar dat Jelte Pieter Dijkstra út Easterein snein op skerp stie. Hy wûn de earste priis yn Froubuorren. Tegearre mei heit Tjeerd, mem Matty, broer Bouke en suske Tineke rekkenje wy dizze famylje ta de kânshawwers. Grutte kans dat se net op fakansje geane om sa dizze periode ek goed te skoren.

Waar
Ien fan ús leden hie in protte argewaasje oan Pyt de waarman. Hy miende dat er it sels wol better witte soe. Op 10 july hat hy by Pyt op kursus west. Wy skilje him tenei foar it
nijs oer it waar.

Kamping praat
Nei in jier fan hurd wurkje en in protte efter de kompjoeter sitte is it wennen op in kamping. Loesje hat dêr ek in miening oer.

Thús bliuwe
Mei dit waar der op út is ek net alles. Thús wachtsje op in moaie dei en dan de blomkes efkes bûten sette. Loesje jout jim in goeie tip.

Nije bûnskoach
De  webmaster fan dizze side ropt jim allegear op om in foarstel te dwaan foar in nije bûnskoach. Leeftyd makket neat út en de mobiliteit fan de man ek net. De rollator stiet nammenlik al klear foar it gefal jim Michels, Rijvers, Knobel of Johnny Ligthart oanwize.



Wat sei Advocaat no eins?
Wy krigen noch ien mailtsje binnen mei it antwurd op de fraach;”wat sei Advocaat no eins tsjin Robben”?

“Als je nou niet eens ophoudt met pingelen dan knip ik die kuif van jou eraf!”
(Leuk bedacht trouwens. Groeten, Jan Dijkstra(VoetbalNederland)