Seleksje SDS knyntsjedei

Wepperkes -woansdei-
29 maart 2006
Knyntsjedei-wepperkes -freed-
30 maart 2006

Sjoen de bysûndere omstannichheden yn Burgum komt SDS mei in oanpaste seleksje nei BCV.

Stoffel Bouma
mei de skuon wol thús litte, as er syn gewear mar mei nimt: hy kin dan de losrinnende kninen deasjitte. Mocht er tinke dat der noch in knyn yn’t hol sit, dan kin er faaks ek noch in molleklem sette.

De rol fan Piet Kempe: ek hy mei de skuon wol thús litte, mar moat wol in hûn meinimme. Foar alle dúdlikens:
Piet Baantjer giet net mei om Stoffel op ‘e bon te slingerjen foar it yllegaal dea sjitten fan kninen yn ‘e beboude kom; nee, Piet moat eltse kear nei’t Stoffel rekke sketten hat “apport” roppe tsjin syn hûn: de deade kninen komme moai op in rychje te lizzen foar de
kantine fan BCV; tydens de wedstriid kin Stoffel de kninen efkes strûpe, sadat nei de wedstriid yn ‘e kantine in broadsje knyn besteld wurde kin.

Durk Okkema. Ek hy mei de skuon wol thús litte. Durk moat soargje foar in
sjofel fol mei swarte grûn of sân, om flak doar de wedstriid alle kninegatten efkes fol te stopjen

Flappie Posthumus

Is tige goed yn it meitsjen fan Lollumer stip en wij hawwe heard dat soks makke wurdt fan  kninefleis.

 

Flappie Wijnia
Dit is de kâns om werom te kearen yn SDS 1. Mocht er dochs in oare doelman meimoatte dan kin altyd noch in berop dien wurde op Edwin vd Sar, want syn bijnamme is om ûnbegryplike redenen Flappie. Mocht Van der Sar net kinne dan freegje wy fansels Ed de Goey. Syn bynamme is om ûnbegryplike redenen Ed Konijn.

 

Pier Faber

De kinen dy’t troch de earder neamde Stoffel te pakken nommen binne, moatte fansels ek wer in plakje hawwe yn de grûn. En je lizze se fansels net yn harren eigen hol.

 

Jelle de Boer
Wij wolle graach dat er goed tasjoen wurdt at alle natoer wetten en rigels wol goed neilibbe wurde. Opsichter Jelle sil mei namme  tasjen dat Stoffel per ûngelok gjin foksen delsjit.

 

Geert Hiemstra
At alles goed giet mei Stoffel syn gewear en Pier Faber it lekker drok hân hat, kin Geert mei rjocht en reden syn histoaryske wurden út roppe: Wat is it hjir in deade boel.

 

Tinus Hoekstra
It is net wis dat it allinne mar kninen binne, mooglik sit er ek in hazzebassie tusken. Der binne mar twa mannen dy’t dat goed besjen kinne. Tinus is der ien fan.

 

Wouter Hylkema
De oare dy’t goed beoardiele kin wat it ferskil is tusken in knyn en in hazze  is Wouter Hylkema fan Hazzedruk.

 

Gearard fan Asselt
Hy hat spesjaal út Taiwan draaf en graaf skuon oerkomme litten. Hy hat sels sjurtsjes regelje kinnen. Hij sil mei troch syn ferbluffende technyk de hiele foarhoede fan BCV oprôlje

 

Andries Stuiver
Wij binne der net wis fan at de linen der noch wol goed bijlizze. Andries giet mei en nimt syn karke mei kninegattenkalk mei.

 

Willem Wijnia
De topskoorder fan SDS 2 moat er fansels wol bij. En boppedat: Hokker bist je yn in foarich libben west hawwe is fansels tige nijsgjiriich om te witten. Fan Willem is it no dúdlik. Sjoch
hjir mar.


Knyntsje Jorritsma
Fansels moat er in flagger mei dy’t spesjaal foar dizze gelegenheid selekteard is.

 

 

Dizze seleksje is gearstald mei help fan de hiele redaksje fan de Treffer en Fedde Wiersma.

 

Binne jim fan miening dat er echt in pear oaren bij moatte,  jou dat dan troch. Wij steane iepen foar goeie suggesties. mail ús.