Wepperkes -woansdei-

SCF(MH) pakt kopposysje!
27 maart 2006
Seleksje SDS knyntsjedei
29 maart 2006

Earste ljipaai!

SDS-supporter Phillipus Hingst út Easterein hat it earste ljipaai fan de gemeente Littenseradiel fûn! Fan herte lokwinske!

Seleksje SDS knyntsjedei
Jûn kinne jim lêze welke minsken sowieso mei geane nei Burgum. Witte jim noch mear minsken dy ’t yn de seleksje moatte foar de knyntsjedei en wêrom, mail ús.

Knyntsjedei-wepperkes
Moarn hawwe wy spesjaal foar de wedstryd fan sneon tusken BCV 1 en SDS 1 Knyntsjedei-wepperkes.

Ynhelje
No ’t it jûns wer wat langer ljocht bliuwt wurde der jûns ek wer wedstriden fuotballe. Dizze wedstriden binne yn elts gefal al ynlast by de junioaren:
Tiisdei 4 april: SDS B1 – Zeerobben B1 om 18.30.
Tiisdei 11 april: SDS A1 – AVC A1 om 18.30.

Ynhelje(2)
Ek SDS 2 moat op tiisdei 11 april ynhelje. Sy moatte dan al om 18.30 yn Stjinwyk fuotbalje tsjin Olde Veste 2.
4 dagen hjirnei fuotbalje sy yn Easterein tsjin elkoar.

Futsal
SDS 3 hat justerjûn fuotballe tsjin RES 4. Wy binne benijd nei de útslach. Mail it nei info@vv-sds.nl.

Sportspotjes
Moandei koenen jim yn de Ljouwerter Krante yn Sportspotjes lêze wat Sjirkje Plantinga op de jierdei hawwe moat. Sjoch hjir.

Amateurvoetbalspel.nl
Aant Hofstra docht it noch altiten knap yn it Amateurvoetbalspel fan de Wijd en Zijd. Sjoch hjir mar.

Frijwilligersjûn
De frijwilligersjûn fan de Skoalleseize wurdt hâlden op freedtejûn 7 april. Hjir sil de trainers en leiders net sa wiis mei wêze. Ek SC Heerenveen-Feyenoord is op 7 april.

Net lokkich
Maart 2006 giet foar Jos Zonderland(SDS 2) net troch as meast lokkige moanne. Earst syn hûs ferrikke troch brân en no hie der forige wike wer in djoere grap. De auto fan syn freondinne wie by de garaasje en Jos waard belle dat de auto wer klear wie. Jos tocht him gau op te heljen mar dit slagge net hielendal. “Ik reed fut in dy leenauto en ik denk; dat ding dat ryd super mar bromt as in diesel”. By de tank sil Jos noch efkes de lienauto bytanke. Hy ryd dêrnei fierder nei de garaasje en merkt al gau dat der wat mis is. Hy hat der diesel ynsmiten mar op it kentekenbewiis sjocht der dat der dochs echt bensine yn moatten hie…… 

Wa moat mei nei it WK?(5)
Hoe tichterby it WK komt hoe mear fuotballers fine dat sy yn de seleksje heare fan it Nederlâns alvetal. Neffens ús moat dit famke oars ek mar mei(klik hjir).