Wepperkes -tiisdei-
22 februari 2005SDS’ers derop út!
22 februari 2005Sa as jimme al yn ús wepperkes fan hjoed lêze koenen sille der hiel wat SDS’ers moarn hun reis begjine nei de wedstriid Newcastle United – SC Heerenveen. Wy hoopje dat sy mei moai ferhalen en foto’s komme foar ús nije rubryk; “SDS’ers derop út”! Dus hawwe jimme in moaie ferhaal of moaie foto’s fan de wedstriid yn Newcastle mail se dan nei info@vv-sds.nl.
Wy hawwe yntusken al 2 items hân yn de serie “SDS’ers derop út”. Sa gie Dirk-Yde Sjaarda foarige moanne nei Arsenal en gie Freddy Scheltema nei Liverpool. Folgende moanne hawwe wy ek alwer ien foar dizze rubryk. Durk Okkema sil dan nei AC Milan-Sampdoria.
*Hjir de foto’s fan Dirk-Yde yn Londen(Klik hjir)
*Yn de kommende Treffer stiet in prachtich ferslach fan Freddys reis nei Liverpool.