SDS1 lit it raar sitte

Seleksjes SDS 1 en 2.
29 november 2003
Utslaggen 29-11-2003
29 november 2003

SDS 1 hat yn de thúswedstriid tsjin Bolswardia minne saken dien.

It begong allegear wol goed. SDS like skerp en Bolswardia liet sich hielendal weromdrukke yn de eigen ferdigening. Nei goed 5 minuten wie it al 1-0 troch in foarset fan Feite de Haan dy’t troch Tsjipke Klaas Okkema benut waard. Neidat doelpunt makke Bolswardia net folle oanstalten om oan te fallen sadat it gefaar dochs foar ir Bolswardia doel kaam. Hoewol SDS waard warskôge troch in priuma útfal fan Bolswardia wêrby doelman Broer Wiebe goed rêde op de line en de latte meiholp in doelpunt foar te kommen. Oan de oare kant krige SDS in strafskop fan skiedsrjochter Kraak, neidat Durk Yde Sjaarda ûnderúthelle waard. Harm Stremler mist. Dochs waard it 2-0. Floris Hiemstra skeat in frije traap prima yn. Foar SDS like de wedstriid belsist mar de twadde helte soe oars útwize,

Bolswardia spile wat skerper en SDS besocht it wol allegear hiel moai op te mossen. Eigen individuele flaters soargen der foar dat Bolswardia in 2-0 efterstân omsette yn in 2-3 foarsprong. Tefolle SDS-ers sieten net yn de wedstriid en trainer Kees Jansen wegere om yn te gripen troch omsettingen te dwaan.

Bolswardia hie betiden wol in protte oertredingen nedich om SDS tsjin te hâlden. 6 giele en 1 reade kaart wie it gefolch. Mar ûndanks dat negative aspekt waarden der wol trije punten meinaam nei Boalsert.

SDS moat net tinke dat no’t se Be Quick ferslein hawwe, de kompetsyje beslist is. Der sil alle wedstriden striden wurde moatte. Willem Wijnia mocht 5 minuten meidwaan en waard de man fan de wedstriid nei 3 goeie en 1 matige balbehanneling.

foto Gert Jan Hiemstra yn aksje