SDS WK-Pool: Lieuwe-Jan wint!

Komkommertiidweppers
12 juli 2014
Weppers tiisdei 15-7
14 juli 2014

Lieuwe-Jan Yntema hat de SDS-WK-Pool wûn. Op de lêste dei gie hy koprinner “Samba Nederland” fan Johan Delfsma foarby. Hast it hiele WK stie Johan Delfsma boppe-oan, mar nei de finale moast hy belies jaan. Lieuwe-Jan wûn úteinlik trochdat hy Argentinië as nûmer twa fan it WK seach. Dit levere him 30 bonuspunten op.

Dooitze Nauta pakt mei “Op skobberdebonk” hiel kreas it twadde plak. Hy komt krekt ien puntsje te koart foar de titel. Hy pakte 30 bonuspunten troch Dútslân as wrâldkampioen te foarsizzen.

Bas van der Weij wurdt mei “Ajarnox” tredde. Ek hy seach Dútslân as wrâldkampioen.

Wie Argentinië wrâldkampioen wurden dan hie Sjoerd van Beem mei “Ikbeneenbeetjemoe” de SDS-WK-Pool wûn.

Opfallend is dat Lieuwe-Jan Yntema dit kear de SDS-WK-Pool wint neidat fjouwer jier werom syn broerke Hessel Yntema de SDS-WK-League wûn hat. Hessel is no tolfde wurden mei “Titelhouder”.

“Bla bla blafke” fan Ate Feike de Boer wurdt hielendal terjochte lêste yn de SDS-WK-Pool. Hy hat dan ek mear lok yn de leafde.
“De correspondent” fan Douwe Kooistra hat krekt ien punt mear as Ate.

It prizenjild sjocht der sa út:
1e: 50 euries
2e: 40 euries
3e: 30 euries
Poedelpriis: 5 euries



De einstân kinne jim hjir ek sjen.
Sykje op Subpoolcompetitie; “SDS-WK-Pool“.