SDS-WK League

Weppers snein 30-5
30 mei 2010
Weppers moandei 31-5
31 mei 2010


Ek dit WK organisere wy wer in SDS WK-League.
Jim meie per wedstryd in útslach foarspelle. Dit betekent dat je foar alle 64 wedstriden in útslach ynfulle moatte. Sa kin it dus wêze dat je noch wol punten helje foar in útslach wylst je de teams net goed hawwe. Je moatte ek oanjaan welke teams troch gean nei de folgende ronde. Op it ein hawwe wy ek noch 5 bonusfragen(by de fraach oer it oantal giele kaarten meie je der 5 nêst sitte).
Let goed op dat je oeral de goeie nûmers ynfulle.

De ynlis is € 5,-. De prizen binne ôfhinklijk fan it tal dielnimmers.


Klik
hjir foar it dielnameformulier.
Op dit formulier steane ek de fierdere spulrigels.

De dielnameformulieren kinne ynlevere wurde by:
*Aant Hofstra, Swingoerd 25, 8731 CV Wommels (sds-nijs@home.nl)
of
*Willem Wijnia, Walperterwei 21, 8731 CC Wommels  (info@vv-sds.nl)


De formulieren kinne ynlevere wurde oan ’t en mei
freed 11 juny foar 15:00 oere.
Hjirnei kin der net ien mear by. Je meie sa faak meidwaan as je wolle(per kear €5,-).
It dielnimmersjild wurdt begjin july ôfskreaun fan jo bankrekken.


Wy winskje eltsenien in soad sukses ta,

de wepmasters.