CVVO-SDS tiisdei 19.00 oere
26 mei 2003Bolswardia ferliest fan Trynwâldster Boys
27 mei 2003SDS hat de finale fan ‘e neikompetysje helle. Sy wûnen mei 0-2 fan CVVO. Sy spylje sneon de finale.
Nei 28 minuten wie it Hindrik de Jong dy ’t trochbruts en underúthelle waard yn it strafskopgebied. In dúdlike penalty. Harm Stremler makke der 0-1 fan. SDS kroop mear en mear efterút en CVVO koe gefaarlik wurde. Marten Faber stûn lokkich genôch wer goed te keepen. 5 minuten nei de penalty koe Hendrik de Jong de wedstriid hast al beslisse. Hy bruts troch, mar waard krekt bûten it strafskopgebied ûnderút helle. CVVO moast hjirnei mei 10 man fierder.
De twadde helte wie net folle mear oan. CVVO probeare wol, mar koe net echt gefaarlik wurde. It wie tige drok by Marten foar de goal, mar kânsen krige CVVO net. Nei 2 (terjocht) ôfkearde doelpunten moast it massaal út Easterein en omkriten noch in skoft wachtsje op ‘e beslissing. Nei de 88 minuten wie it dan eindliks safier. Harm Stremler mocht wer in penalty nimme, nei sels ûnderút helle te wêzen. Ek dy siet en it fjoerwurk koe ôfstutsen wurde.
Gjin giele kaarten foar SDS. Ek Anne Stenekes (dy skorst wie) is der sneon dus wer by.