SDS – Sneek yn it ferline

Woansdei 20.00 oere SDS-ledengearkomst
18 november 2019
Weppers tongersdei 21-11-2019
21 november 2019

Oankommende sneon spilet SDS 1 tsjin Sneek Wit-Zwart. Yn de jierren 80 siet SDS wol gauris by Sneek yn de kompetysje. Ynmiddels is it SWZ BOSO Sneek, mar doe wie it noch Hubert Sneek. Op sneon spilen doe by Sneek û.o. Ate Westerhof en Harry Koenen dy ’t yn 1970 noch de landelijke titel hellen mei vv Sneek sneins. Ek komme wy by Sneek nammen tsjin as Tjitse Klijnstra (letter vv Scharnegoutum) en Klaas Sinnema (no foarsitter vv Scharnegoutum).
By SDS komme wy de nammen tsjin fan de keepers Sjoerd Boonstra en Egbert Bootsma en Jaap Jaarsma, Henk Walda, Klaas Okkema, Wim Bakker, Jan van Asselt, Piet de Jong, Ids Boersma, Jappie Wijnia, Henkie Ruiter, Douwe-Dirk Reitsma, Wouter Hylkema, Anco Elgersma, Klaas van der Weg, Ype Tiemersma en noch folle mear.

Hjirûnder wat krante-artikels út dy jierren 80 fan de wedstriden SDS – Hubert Sneek út it Frysk Deiblêd, de Ljouwerter Krante, De Snitser Krante en de Treffer. It measte komt út it achyf fan Henk Hoekstra dy ’t doe ek by Hubert Sneek sneons fuotballe. Webmaster Aant Hofstra hat jierren kollega fan him west.


Skreaun troch trainer Henk Buning, foar de Treffer.




SOS?