SDS-nijjierssit op sneon 7 jannewaris 2023

SDS WK-League: stân moandeitejûn 23.00 oere
28 november 2022
SDS WK-League: stân tiisdeitejûn 23.00 oere
29 november 2022

Jim kinne wol fêst yn jim aginda sette dat wy op sneon 7 jannewaris wer in SDS-nijjierssit organisere. Ynkoarten kinne jim je opjaan foar it fuotbalmikstoernoai en it klaverjassen.
Welke muzyk der komt hâlde wy noch efkes ûnder de pet.
Hjir ús aktiviteiten op sneon 7 jannewaris:

Fuotbalmikstoernoai

Wy sille ek dizze kear it jier wer begjinne mei in fuotbalmikstoernoai. Om in oer as 13.00 oere wurde de fuotballers ferwachte op it fuotbalfjild yn Easterein. Nei de groepsfoto sille sy útein yn in 8 tsjin 8- of 7 tsjin 7-toernoai. Elkenien mei meidwaan. SDS’ers, âld-SDS’ers, frijwilligers, supporters, familie, freonen, buorlju ensfh. Bestel mar fêst in moai fuotbalsjurtsje.

Klaverjasse

Wy sille sjen as der genôch kaarters binne om op sneon 7 jannewaris efkes in potsje te klaverjassen.

Kuierje

Mooglik sil  Bauke de Boer mei guon SDS ‘ers wer efkes in blokje om. Net te fier, mar noflik efkes útwaaie en moai op ‘e tiid werom yn de kantine foar in hapke en in snapke.

Muzyk

Wy sille noch efkes sjen wa ’t der in moai stikje muzyk delsette kin.

Set it mar fêst yn de aginda!

Elkenien is wolkom!