SDS League: Wykpriis foar Jaap Trekhaak!

Seleksjes 28-11
26 november 2009
Sneon 28-11
27 november 2009

Wat letter dan dat jimme went binne (it wie net 3 oere mar pas 5 oere fannacht…) is hjir dan eindelijk de nije stân fan de SDS League.

It is dizze wike Pieter Wesselius dy ’t mei “Jaap Trekhaak” de wykpriis pakt. Hy hie 51 punten en dat is krekt ien mear as “Boem Boem Baarda” fan Dirk-Yde Sjaarda en ek ien mear as “Master(be)Erik” Haitsma. It wichtigste foar Pieter wie fansels dat hy 13 punten mear hie as syn broer Sybren(“FC Sjaak Afhaak”) en dat hy him no ek noch foarby is op de ranglist..


De top 5 bliuwt gruttendiels gelyk. “Op Naar de Top” fan Marten Faber stiet dus noch altiten boppe-oan.

Kees Adema hat mei syn “Keessie Kwakman” wat in kwakkelwykein en sakket fan 8 nei 14. Syn team k(w)akt wat yn sis mar…….

Eeltsje “Feuuuuueeeerrrr” Postma begjint him hieltiten mear te knipen. Dizze wike is Hjalmar Ruiter wer in lyts slokje tichterby Eeltsje kommen yn de race om in kratsje bier. Hjalmar kaam 4 punten tichterby en stiet noch mar 13 punten efter buorman Eeltsje.

Doede-Rients Okkema liket hast patint te hawwen op de reade lantearne. Hy stiet noch altiten ûnderoan mar hâldt mei 4 punten efterstân sicht op Immie Kamstra mei “SC Hinnaerd” dy ’t ien nei lêste stiet.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 9.