SDS League: Wepmaster pakt wykpriis!

Weppers moandei 23-9
22 september 2013
Weppers tiisdei 24-9
23 september 2013

It hat wat fuotten yn de ierde hân, mar hjir is dan einlings de earste stân fan de nije SDS League. Der hienen wol wat mear lju meidwaan kinnen, mar mei in 60 dielnimmers falt it dochs net tsjin.
Opfallend is dat de lju dy ’t meidogge oeral weikomme. Sa hawwe wy Ljouwerters, Spanjolen, Littensers, Grinsers, Australiërs en sels Stiensers.

De wepmaster mei bril giet der yn de earste wike fan de SDS League fan troch mei de wykpriis. Hy bliuwt mei “Liverdelaasje” “Sytsinho” fan Sytze Hibma krekt in puntsje foar. Ien puntsje dêrûnder stiet hiel ferrassend “Sporting Spannum” fan Hendrik Eringa.


Aant wiis mei de wykpriis!

Hienen wy in priis hân foar de moaiste teamnamme dan gie dy fansels nei Jelte-Pieter Dijkstra. Op it 50e plak stiet hy mei “ManChesthair-United”.


Opfallend steane der twa Stiensers op it 52e en 53e plak. Sy hawwe beide 20 punten. Sels tegeare soenen sy noch net boppe Aant stean……..

Ralph Wariman hat wat in falske start mei “Don’t Wari”, mar gjin soargen; tongersdei stiet de nijste stân hjir alwer op de webside en dan kin alles wol wer hiel oars derútsjen.


Sjoch hjir foar de earste stân: wike 1.