SDS League: The Butchers kampioen!!

Sjoerd, Jan en Klaas hitchhiking
24 december 2003
Freonen fan…
26 december 2003

It koe net misse fansels , mar Lolke Bouma hat mei syn “Butchers” de earste priis behelle yn dizze SDS League. Minne Joustra kaam mei syn “Omheeg” noch in ein tichterby dizze wike, mar hy bliuwt op it 2e plakje. Hy is hjirmei de ienige dy ’t lykas de forige edysje yn ‘e top 10 stiet.

Marco Hoekstra behellet mei “Mukkes” in knap 3e plakje. Robert Sybesma (vv WHRS) en Trienus de Jong (FC Zak ‘es lekker door”) hienen de lêste wiken de gang deryn en eindigje tegeare op in 4e plakje. Foar “Stoke City” fan Chris Postma wie it seizoen krekt te lang. Hy stie wiken op it 1e plak mar sakke de lêste wiken wat ôf troch in soad blessures. Hy eindigt dochs noch as 6e tegeare mei de grutste ferrassing yn de SDS League dit heal jier; de “Bundy Clan” fan Sjoerd van Beem.

De wykpriis giet dizze wike hiel ferrassend nei “Is this it” fan Willem Wijnia. Hy moat de priis al dele mei “FC Pinky” fan Romine Jelsma. “Is this it” gie sa noch in ein omheeg yn ‘e stân mar koe krekt net oan ‘e top 10 komme (13e). Ek Durk Okkema en “Team Stroh” fan Watze Zeinstra gienen de lêste wiken as in speer, mar komme beide krekt tekoart (11e en 12e).

El Duo fan Feite de Haan greep dizze wike mei 44 punten mar krekt nêst de wykpriis. Hooplik sil der net nêst de twa prizen gripe wer der dit seizoen noch foar giet.

De poedelpriis dit jier foar (“Sabbatical”)Freddy Scheltema mei soan Sicco. Hun Kuipers Haarmode draaide net al te bêst en eindigt as lêste. Om hun dochs in hert ûnder de rym te stekken krije sy dochs de poedelpriis.
 
Groetnis, Willem.

Hjir kinne jimme de einstân fine: Einstân SDS League