SDS-slotfeest sneon 24 maaie. Jou dy no op foar de pizza’s en/of it 7×7-toernoai.
19 mei 2025Fuotbal op freed 23-5-2025
22 mei 2025It is Stefan van der Velde dy’t mei ‘Frarjancesco Farjanioli’ de haadpriis pakt yn de SDS-League. Hy stie ek hast de hiele twadde helte boppe-aon. Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ en ‘BarbEeltje’ Postma binne twadde en tredde wurden.
‘Frarjancesco Farjanioli’ (foarhinne FC Ballie) fan Stefan van der Velde pakt de haadpriis.
Dirk Stegenga hie mei ‘De Twaalfde Man’ noch in aardige einspurt. Hy pakt dêrmei noch in wykpriis en rûgelt noch moai de top 10 binnen as n6umer 6.
Op de Terp giet de flagge út. ‘De Zwabberkoning’ Ate Feike de Boer eindigt fier boppe syn broerke ‘GefelisiTeade’ de Boer en omkesizzer ‘meesterlijke Melle’ de Boer.
Ek op ’t Noard hinget fêst in ijskoflagge te wapperjen. Jaaps ‘Torpedo Toering***’ eindigt namelijk fier boppe ‘Aan de kant ik moat naar het stadion’ fan Sjoerd van Beem.
De Cambuur en Ajax-flagge bliuwe dit jier op solder lizze.
Dooitze Nauta is mei ‘Skobberdebonk’ stiif lêste wurden yn de SDS-League. Ofrûne sneon soe hy by DTD 1 – SDS 1 yn it sintsje setten wurde, mar hy wie op fakansje.
Ynkoarten sil nije ponghâlder Lourens van der Pol jim rekken leech lûke foar de kosten fan de SDS-League en in bytsje prizenjild útkere.
SDS League 2024-2025 twadde helte wike 12 eindstand