SDS League: SCF(MH) rint noch fierder út!

Seleksjes sneon 15 april
14 april 2006
Utslaggen sneon 15 april
15 april 2006

Boppe-oan is der fansels neat feroare nei de wedstriden fan woansdei. SCF(MH) stiet noch altiten fier boppe-oan mei mar leafst 29 punten foarsprong op nûmer 2, Rockin’ in a Free World fan LH.
Photograph
De earste priis kin SCG hast net mear mis rinne.

De wykpriis wurdt dit kear alwer dielt. Dit kear hawwe RRW(RW) en The Butchers(LB) de measte punten. Sy hienen beide 25 punten.
 

The Butchers(LB) en RRW(RW) diele de wykpriis.

FC Snoek(UD) dûkelt út de top 10 mei mar 4 punten. Hy giet fan 7 nei 14.

FC Snoek dûkt de top 10 út.

Pik Andijvie(F en SS) gean hielendal foar it lêste plak. Sy binne dizze wike dan ek “ferliezer fan ‘e wike” mei min(!!) 3 punten. Koach Freddy Scheltema lit witte dat hy wol ta is oan in nije SDS-sjaal om ’t syn eigen yn it bûtenlân is. Jammer foar Freddy is dat alle SDS-sjalen útferkocht bine en dat de poedelpriis in jubileumboek is fan SDS wat hy fansels al hat. Wy soenen sizze dat dit eksemplaar dan mar by Sicco yn de boekenkast stean moat.

Groeten, Willem.

Sjoch hjir foar de nije stân:
wike 11.