SDS-League: ‘Sapper de Vlap’ pakt de wykpriis!

Frouljustoernoai op sneon 25 maaie!
30 april 2019
Weppers tongersdei 2-5-2019
2 mei 2019

Michel Vlap skoorde ferline wike wer ris twa kear foar sc Heerenveen en it is lyk ‘Sapper de Vlap’ fan Bauke Dijkstra en Dirk en Stefan Kuperus dy ’t de wykpriis pakt mei 71 punten. Yn wike 2 pakten sy ek al in wykpriis, mar moasten him doe diele mei Marten Faber mei ‘Op naar de Top’. Dit kear hoefe sy him allinnich mar mei syn trijen te dielen………. Vlap net meirekkene………

‘Sapper de Vlap’ pakte de wykpriis mei in aardige oermacht, want de nûmer 2 fan dizze wike ‘Hoekie Boys’ fan Marc Hoekstra hie ‘mar’ 62 punten.

Boppe-yn bliuwt it spannend! ‘Dirk’s Angels’ fan Dirk Stegenga stiet noch altiten boppe-oan, mar ‘Brouwer-Power’ fan Jelmer Brouwer stiet no twadde mei mar ien puntsje efterstân. ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets docht noch altiten mei en folget mei twa puntsjes efterstân op ‘Brouwer-Power’. Sa is it ferskil tusken de nûmer 1 en 3, dus mar 3 punten.

‘Brouwer-Power’ kin ‘Dirk’s Angels’ hast opfrette!

Sûnt sc Cambuur wis is fan de neikompetysje hat ‘SCC Olé Olé’ fan Johan Delfsma en Jan-Friso Bruinsma de smaak te pakken en giet no fan it 22e nei it 14e plak.

Ferline wike pakte ‘Top of Flop United’ fan Annejan Hallema noch de wykpriis, dus dizze wike koe it allinnich mar tsjinfalle…….. It waard dus flop mei mar 35 punten…….

De trainers fan de JO17-2, Aant Hofstra en Douwe-Dirk Reitsma, stekke al harren enersjy yn de JO17-2 wêr troch it yn de SDS-League net oerhâldt. ‘It is mar in spultsje’ en ‘DDR’ steane 65e en 66e.

Underyn bliuwt ‘Henkie Cola’ fan Henk Postma de hâlder fan de reade lantearn.

SDS League 2018-2019 stand twadde helte wike 11