Weppers 25-2
24 februari 2010Programma, seleksjes, ôflast en sa.
26 februari 2010Samme Overal sit dizze wike “Gebakken” yn Samcouver no ’t hy ek noch oan de haal giet mei de wykpriis. Dit komt him net min út, want dan hat der noch moai efkes jild om 2 gleskes bier yn it Holland Bierdrink Hûs te keapjen.
“FC Toeval is Logisch” fan Sybren Wesselius hat de koppysje oernommen fan “Jorine’s 11″(Jorine van Dijk), mar dat kin gjin tafal wêze……. Jorine siket fan 1 nei 7.
Samme pakte de wykpriis mei 53 punten. Hy hie hjirmei 1 puntsje mear as Sybren Wesselius en ek “Samar 11 fan 11” Fedde Wiersma siet der wer tichtby. No ’t Fedde op ‘e nij sa ticht by de wykpriis sit kin dat hast gjin tafal mear wêze.
It ferskil boppe-yn is net sa grut. Sa hat de nûmer 1 tafallich mar 10 punten mear as de nûmer 15.
Wy hawwe noch net neisjoen as der no ek teams meispylje mei (hast) deselde spilers. It liket der wol op dat de man mei in Ajax-hert Eeltsje Postma (“Reinder en José Olé, Olé”) al 3 wiken like folle punten hat as “PSV-kampioen” fan Jappie en Sjanet Wijnia. Dat kin hast gjin tafal wêze.
“FC Supermario” fan Doede Rients Okkema stiet noch altiten stiif ûnderoan.
Inkelde dielnimmers hienen wol wollen dat de ynhelwedstryd tusken Willem II en NEC net meitelde om ’t dit noch in wedstryd wie út de eraste helte fan de kompetysje. Spitich genôch kinne wy der neat oan feroarje dat dizze wedstryd wol meiteld, want wy binne hielendal ôfhinklijk fan www.competitiemanager.nl. Alle wedstriden yn de Eredivisie telle dus mei.
Sjoch hjir foar de nije stân: wike 3.