SDS-League: Pieter Sijtsma pakt 2 wykprizen!

Weppers woansdei 23-9-2026
23 september 2026
Weppers freed 25-9-2026
25 september 2026
Weppers woansdei 23-9-2026
23 september 2026
Weppers freed 25-9-2026
25 september 2026

It is Pieter Sijtsma dy ’t dizze wike mei ‘Op de valreep’ de wykpriis pakt.
Wat wolle je ek mei mar leafst 69 punten.
De wykpriis is noch altiten tolve en in heal eurie al hie Pieter leaver dat de reade kaart fan ôfrûne sneon, dy’t hy net krigen hat, mar wol op papier setten is, gau kwytskolden wurdt.
En dat is slagge.
Pieter mei sneon wer balje en is dus ‘Op de valreep’ net skorst.
Eins in dûbele wykpriis foar Pieter dus.

Pieter bliid mei syn wykpriizen.

SDS 1 – Leeuwarder Zwaluwen 1 flein sneon nei 74 minuten yn de Brandt(AJA) en dêrnei reinde it Read(FEY).
Yn de SDS-League krekt Pieter syn toppers. Brandt hie 16 punten en Read(FEY) 11 punten.

‘Overal United’ fan Sybrecht Overal en pake Willem Twijnstra hienen 64 punten en der wienen in stik of wat mei 63 punten lykas Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’, Jaaps ‘Torpedo Toering’ en wepmaster Willems ‘FC AI(Alles itselde)’.

It liket der op dat ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ fan Sjoerd van Beem fol foar de poedepriis-LP fan de Greideklanken giet. Ut ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat hy de platenspiler al fan solder helle hat en in spiker boppe it bêd foar de hoes.
Hy kin ek wol fêst in kratsje Hertog Jan helje foar Jaap hawwe wy it op.

Spitich genôch 2 wiken gjin Eredivisiefuotbal………, dus ek gjin SDS-League.

SDS League 2026-2027 stand earste helte wike 2