SDS League: Oebele pakt wykpriis!

Weppers woansdei 18-2
17 februari 2009
Weppers tongersdei 19-2
18 februari 2009

Hjir eindelijk de earste stân fan de twadde helte fan de SDS League.

Yn de earste wike is it “Oebele’s Alve” fan Oebele Anema dy ’t de wykpriis pakt. Hy bliuwt de konkurrinsje krekt ien puntsje foar.


Oebele hâldt in speech nei syn earste wykpriis ea…..

Dirk-Yde Sjaarda kin mei syn team, “Real Feyenoord” alle kanten út. Mocht it min gean dan is it mear Feyenoord en giet it wat better dan is it Real. Wy tinke wol dat der ek dan net mear ynsit as in twadde plakje.

Opfallend is de sterke start fan “It klikt wol” fan Aant Hofstra. Foar de winterstop eindige hy noch as lêste mei allegear 30’ers yn syn team. No hat hy de boel omsmiten en klikt it ynderdaad wol, want hy stiet op 3 punten fan de koprinner.

“Op halve kracht” fan Bote Strikwerda start voortvarend mei in 12e plakje. Miskien is it dochs ris ferstannich om op folle toeren te faren, want dan bedarret hy miskien wer ris yn de prizen.

Richt Folkerts seach it nei de winterstop hielendal sitten. Sy moast ek mar wer ris meidwaan oan de SDS League. Sy start wol as lêste, mar ja, “soks” kin gebeure….

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 1.