Willem Wijnia útroppen ta erelid fan SDS
13 november 2023Weppers woansdei 15-11-2023
15 november 2023Oant no ta sit it Mark Klijnsma dit seizoen noch net mei. Dan lêst fan de knibbel en dan wer fan syn skouder. Yn de SDS-League rûn it ek noch net sa hurd, mar dizze wike pakt hy mei ‘Noppert United’ de wykpriis en skoot hy stadich nei de top 10 ta mei in dield 11e plak.
Noppert United yn foarm, Noppert wer wat yn foarm, no Mark noch.
Wy tochten efkes dat Hendrik de Jong mei ‘Henkie Heisenberg***’ mei 59 punten de wykpriis pakke soe krekt foar de noas fan syn broer Dirk en omkesizzer Mika fan ‘De Jong Boys’ wei (58 punten). Lokkich genôch gie Mark hjir noch dik oerhinne mei mar leafst 65 punten.
Wy hawwe in nije koprinner. ‘FC Olé Olé’ fan Matthijs Postma nimt de kopposysje oer fan ‘RomantiRickie’ Hendriks dy ’t it dúdlik te drok hat mei de leafde. Seriette Strikwerda stiet mar 1 puntsje ûnder Matthijs mei ‘FC Mislintat’.
Erelid of net. It seit yn elts gefal neat oer je fuotbalferstân. Noch altiten stiif lêst stiet Hey Ho Let’s Go.