SDS-League: Niels & Sije pakke mei Pompoen de wykpriis!

Al foar €10,- nei sc Heerenveen – RKC
20 februari 2023
Weppers woansdei 22-2-2023
22 februari 2023

Sije van der Schaar en Niels Janssen fan de JO19-1 pakke dizze wike de wykpriis mei ‘Pompoen’. Sy pakke krekt 2 puntsjes mear as ‘FC Orthopedie’ fan Wiebe Heeres en Inne Heerma. Foar it totaalklassemint binne de rollen krekt oarsom. Sy steane op nûmer 1 en 2.

Sc Heerenveen pakte 3 punten yn Ljouwert mei help fan Sahraoui. Dat Johan Delfsma no mei ‘Sahraouiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiiii’ fan it 2e nei it 13e plak sakket sil him dan ek woarst wêze.

Tjeerd de Vries hie mei ‘Sju mar eem’ in minne wike. Hy pakte mar 13 punten en sakke fan it 25e nei it 64e plak.
Tadic fan Ajax pakte al mear punten(14) as Tjeerd mei syn hiele team.

It sil dochs net sa wêze dat Okke van der Kamp mei ‘Brekken Boys’ wer foar de poedelpriis giet. Ien SDS-paraplu moat dochs genôch wêze soenen je sizze. Hy stiet al lêst mei 1 puntsje efterstân op ‘Het Dispuut’ fan Jasper de Boer.

 

SDS League 2022-2023 twadde helte stand wike 2