SDS League: Matthijs giet "Ultimate"!

Weppers tiisdei 25-2
25 februari 2014
Weppers tongersdei 27-2
27 februari 2014

Foar de earste kear docht hy mei en hy pakt yn de twadde wike lyk in wykpriis; Matthijs Postma. Mei “Ultimate Team” bliuwt hy dizze wike “Okkiedokkie”(Durk Okkema) ien puntsje en “Hiemteam(Gert-Jan, Niels en Marrit) krekt 2 puntsjes foar. Dêrneist pakt hy mar leafst 32 plakken troch te klimmen fan it 40e nei it 8e plakje.

Matthijs fiert de wykpriis mei Inne Heerma(rjochts)!

Neist Matthijs Postma is der noch in Postma dy ’t it dizze wike net gek docht. Eeltsje stiet mei “Pro-Postma” samar wer efkes dield 3e yn de SDS-League.
De oare Postma’s fergiet it wat minder. Sa giet “De natte vinger(Johan)” fan 13 nei 24 en “Postmark”(Mark) fan 9 nei 33.

Hendrik de Jong pakt dizze wike de kopposysje mei “Wij gaan JUICHEN”. Hy stiet krekt in puntsje boppe Sjoerd Rispens mei “Algemeen Fons”.

Lolke Hofstra is min bekaam fan syn wike fakansje. Nei in dikke wykpriis pakt hy mei “Rockin’ in a Free World” no mar 11 punten. Foarige wike dus de measte punten fan allegear en no it minst…….

“FC Pie & Mel” fan Pieter Wesselius hat op in nij in slappe wike. Hy stiet ynmiddels ien nei lêst.

Rients de Boer docht it mei “FC De Boer” noch moai rêstich oan en gokt op in kampioenskip foar Ajax en in poedelpriis foar de eigen FC. 


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 2.