SDS-League: “Hey Ho Let’s Go”pakt de wykpriis!

Weppers moandei 9-11-2020
9 november 2020
Weppers freed 13-11-2020
13 november 2020

Yn de wike fan de Amerikaanske ferkiezings is it tapaslijk “Het Ho Let’s Go” fan WIllem Wijnia dy ’t de wykpriis pakt. Mei 66 punten bliuwt hy “De Regenjas” fan Kris Gaastra en Thor Ruiter, “FC Systeemplafond” fan Jacob-Klaas Haitsma en “EB’s 11” fan Eeltsje Bootsma krekt 2 puntsjes foar. Ut tige ûnbetroubere bronnen hawwe wy al fernaam dat sy freegje om it op ‘e nij tellen fan de punten. Wy wachtsje it mar rêstich ôf…….
Foar wa ’t meitelle wol; Padt(GRO) -2, Blind (AJA) 8, Dumfries(PSV) 14, Hoogma (UTR)-1, Van der Heijden(WII)-1, Koopmeiners(AZ) 9, Veerman(HEE) 2, Vloet(HER) 8, Berghuis(FEY) 10, Tannane(VIT) 11 en Giakoumakis(VVV) 8.

Seriette Strikwerda die it dizze wike ek hielendal net sa gek mei “Strikky’s United”. Mei 62 punten kaam sy wat tekoart foar de wykpriis, mar sy giet al fan it 36e nei it 23e plak.

Yn de top 7 fan it klassemint is neat feroare útsein dat de foarsprong fan koprinner “De Regenjas” fan Kris en Thor fan 1 nei 7 punten gien is op “FC Bulder” fan Jan Mulder.

Underyn nimt “De Supersubs” fan Dirk de Jong de reade lantearn oer fan “Lyts Urk” fan Lieuwe Vriesema. “De Supersubs” hie mei 30 punten fierwei it minste punten fan allegear dizze wike.

SDS League 2020-2021 earste helte stand wike 4