SDS League: Feenstra Boys pakke de titel!

Wepperkes -woansdei-
19 mei 2004
Wepperkes -freed-
21 mei 2004

Ûndanks de grutte foarsprong fan 18 punten fan de Feenstra Boys (fan Sjoerd Feenstra) op de nûmer 2 Krek Net (fan Roel Sybesma) waard it dochs noch spannend. It ferskil waard yn ‘e lêste wike noch werombrocht tot 5 punten. Hjirmei rêde Roel it krekt net. De flagge kin dus út yn Boalsert. De SDS League hie net in wike langer duorje moaten, mar dochs fan herte, Sjoerd!

Sjoerd Feenstra is as supporter fan Bolswardia tige bliid mei syn earste priis yn ‘e SDS League.

Dophok United fan Dirk-Yde Sjaarda pakte knap it 3e plak. Sy bleaunen noch krekt 2 punten foar op dy hurde back fan SDS 2, Gerrit Terpstra mei November Rain. It ferskil wie mar 2 punten.

Foar it earst yn ‘e histoarje fan ‘e SDS League pakt Sibe de Seefûgel in priis yn ‘e SDS League. Hy waard mei syn Waarmrinners 6e. It sil ús benije as wy him as seefûgel de feestdagen ek sjongen heare.

Syb Wesselius koe mei SyWeBo syn maat Sjoerd Feenstra net byhâlde mar hy hie him altiten yn it sicht. Syb eindige as 9e. Twa Boalserters dus yn ‘e top 10.  Dat ferlies fan Bolswardia is dochs noch ergens goed foar west.

Kapitein Henk Postma is nei wiken út de top 10 dondere. Wiken stie hy boppe-oan en pakte hy 2 wykprizen. It seizoen duorre foar him krekt te lang. Yn ‘e lêste wike sinkt de Kapitein fan it 8e nei it 24e plak.

Wy wienen him hast ferjitten mar der wie dizze wike ek noch in wykpriis. Neffens ús pakt Minne Joustra eltse kear wolris in priiske yn ‘e SDS League. Dizze kear pakt hy mei Omheeg de lêste wykpriis fan it seizoen.

Dikke triennen ûnder yn de SDS League. De Kuijertjes fan Sjouke Sjoukema hawwe it net rêden. FC Etex fan Jelte Pieter Dijkstra bleaun krekt ûnder him yn ‘e striid om ‘e poedelpriis. “De jeugd hat de takomst”, sille wy mar sizze. Ik hoopje dat Sjoukema in noflik wykein hawwe sil yn Hegesân.

Groetnis, Willem.

Jime kinne hjir de einstân fine: Einstân SDS League

P.s. Binnenkoart kinne jimme hjir alles fine oer de EK-Pool dy ’t wy fan plan binne om op te setten.