SDS League: FC Pierewaaier pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 14-11
14 november 2013
Seleksjes sneon 16-11
14 november 2013

Hy wie der oan it begjin fan de wike al wis fan dat hy de wykpriis hie en it is ynderdaad ek sa. “FC Pierewaaier” fan Jesse van der Weide pakt dizze wike de wykpriis mei mar leafst 55 punten. De ienige dy ’t noch in bytsje yn de buert kaam wie “Limburg FC”fan Sytze Kooistra.


Jesse is dúdlik wiis mei syn wykpriis!

“De Lange Loekers” fan Jurjen Eringa hienen net in al te beste wike mei mar 25 punten, mar sy steane noch wol boppe-oan. Sy steane noch krekt 2 puntsje foar op “Okkiedokkie” fan Durk Okkema. “De Supersubs” fan Dirk de Jong steane dêr noch wer 4 puntsjes ûnder.

“Don’ t Wari” fan Ralph Wariman stiet noch altiten stiif lêst. De ienige konkurrint is no Eeltsje Postma mei “Pro-Postma”. It gat is 5 punten.

Sjoch hjir foar de aldernijste stân:
wike 8.