SDS-League: FC Lollum pakt de wykpriis!

Sneon 23-9-2023
22 september 2023
Weppers woansdei 27-9-2023
27 september 2023

Thys Bruinsma wûn de twadde helte fan de foarige SDS-League mei ‘Hatseflatse’ en begie no as ien nei lêste. Dochs wit hy dizze wike mei FC Lollum de wykpriis te pakken en giet hy fan it 71e plak nei it 15e plak. Hy hat krekt 2 punten mear as dy oare ‘Lollumer’ Jan-Harmen Folkerts mei ‘Hampus FC’ dy’t 54 punten pakt.

‘Stem 22 november op Habtamu de Hoop’ fan Emke en Habtamu docht goeie saken yn de rin nei de ferkiezings. In bettere reklame as boppe-oan stean yn de SDS-League kinne wy ús net betinke.

‘FC Mislintat’ docht it dúdlik wat better as Ajax……. Seriette stiet gewoan 13e en it is hartstikke rêstich yn Spannum.

De webmaster sûnder burd is it paad aardich bjuster……. Foar de twadde wike op rige pakt hy it minst oantal punten yn de SDS-League en stiet hy mei ‘Hey Ho Let’s Go’ stiif lêst. Dirk Stegenga docht it trouens ek ‘knap’….. Hy stiet mei 2 teams by de ûnderste 4. Mei syn oare team pakte hy ferline wike noch de wykpriis.

SDS League 2023-2024 earste helte stand wike 2

P.s. Wy binne benijd wannear ’t wy de punten fan Ajax – Feyenoord bsykriuwe kinne…….