SDS-League: Dirk hat de smaak te pakken!

Weppers moandei 4-12-2023
4 december 2023
Wurd ek klupskiedsrjochter!
5 december 2023

Dir Stegenga hat blykber de foarige kear it stikje lêzen oer syn teams yn de SDS-League en hat der wat mei dien. Hy pakt namelijk de wykpriis mei ‘Zaterdag is de mooiste dag van de week’ en mei ‘De Twaalfde Man’ klimt hy fan it 8e nei it 3e plak.

Wy hawwe in nije koprinner. ‘FC Mislintat’ fan Seriette Strikwerda is ‘FC Olé Olé’ fan Mathhijs Postma foarby gien en stiet no 3 puntsjes foar op Matthijs en 4 op Dirks ‘Twaalfde Man’.
Jeroens ‘Brouwers Schilders’ stiet knap 4e mei 10 punten efterstân.

Underoan hat de wepmaster sûnder burd eindelijk de reade lantearn oerdrage kinnen. Sietze Stoffelsma’s ‘Laatste Hoop’ stiet no ‘laatste’ mei net in ‘hoop’ punten…..

Der binne noch 2 spylrondes te gean en noch in pear nuvere trochdewykse wedstriden wêr ’t de útslach al soe goed as bekend fan is.

 

SDS League 2023-2024 earste helte stand wike 10