SDS-League: De trochdewykpriis wurdt dield

SDS-League: Franks ‘Beter Horen’ pakt de wykpriis!
13 mei 2025
Weppers freed 16-5-2025
16 mei 2025
SDS-League: Franks ‘Beter Horen’ pakt de wykpriis!
13 mei 2025
Weppers freed 16-5-2025
16 mei 2025

Om’t der juster in folledich programma yn de Eredivisie ferspile waard op ien jûn kinne wy moai efkes in nije stân fan de SDS-League opmeitsje.

Foar inkelden pakt dit hiel goed út. Sa meie ‘FC Op nei de Top’ fan Gerlof-Jan Hofstra en ‘Zin in de zomer man’ fan Johan Delfsma dizze ’trochdewykpriis’ diele. Beide pakten mar leafst 59 punten.
‘De Twaalfde Man’ fan Dirk Stegenga fiske krekt efter it net mei 57 punten.

Yn de top 6 feroaret hielendal neat. Utsein dat nûmer 1, ‘Frarjancesco Farjanioli’ fan Stefan van der Velde 2 puntsjes útrint op ‘BarbEeltje’ Postma’.

Jacob-Klaas Haitsma is justerjûn aardich troch it ‘FC Systeemplafond’ sakke nei it lykspul fan Ajax….. Hy sakket yn de SDS-League ek nochris fan it 8e nei it 18e plak…..

Gert-Jan Hiemstra sakket mei ‘Hiemteam’ no sels nei it ien nei ûnderste plakje………. It sil him woarst wêze.

Dooitze Nauta kin sneon by DTD 1 – SDS 1 syn poedelpriis alf6est yn ûntfangst nimme.

SDS League 2024-2025 twadde helte stand wike 11