SDS-League: ‘Brouwerpower’ pakt wykpriis!

Weppers tiisdei 16-4-2019
16 april 2019
Weppers tongersdei 18-4-2019
18 april 2019

It is dizze wike ‘Brouwerpower’ fan Jelmer Brouwer dy ’t de wykpriis pakt en dêrmei ek lyk beslach nimt op it twadde plak yn de SDS-League. ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets stiet noch krekt in puntsje boppe him. ‘Brouwerpower’ hie mei ôfstân de measte punten dizze wike. Hy pakte der mar leafst 64. ‘Skopploech read’ fan Jildert van der Werf kaam noch it tichtst yn de buert mei 58 punten.

Yn de top 10 feroaret dizze wike net safolle. De ferskillen wurde wol hieltiten grutter. It ferskil tusken de nûmer 1 en de nûmer 5 is no al 35 punten.

It ferskil tusken ‘Torpedo Toering’ fan Jaap en ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ fan Sjoerd van Beem is ynmiddels oprûn nei 22 punten. It liket ús ferstannich dat Sjoerd alfêst de bieroanbiedingen yn de gaten hâld.

‘Anne Steen op nr. 1’ fan Anne Stenekes stiet noch altiten lêst, mar krijt konkurrinsje fan ‘Hakuna Matata’ fan Hendrik de Jong. Opfallend, want Hendrik pakt de earste helte noch de haadpriis!

SDS League 2018-2019 stand twadde helte wike 9