SDS-League: 2 wykpriiswinners

Ferling je seizoenkaart en fertsjinje 10 eurie foar SDS
6 mei 2025
Fuotbal op freed
8 mei 2025

Stefan van der Velde is mei ‘Frarjancesco Farjanioli’ noch altiten koprinner, mar sit der de lêste wiken net sa noflik yn en sjocht syn foarsprong elke wike lytser wurden.
It ferskil mei nûmer 2, ‘barbEeltje’ Postma is noch mar 12 punten wylst Eeltje dizze wike sels 16 punten mear pakt as Stefan.

‘BarbEeltje’ en Erik Haitsma’s ‘Jopie Kwast’ dogge op ‘e nij oan stuorke wikseljen. No docht Erik wer in lyts stapke werom en stiet 3e.

Tim Sweerings ‘Toro’s FC’ en Gert-Jan Hiemstra’s ‘Hiemteam’ pakke beide 41 punten en meie de wykpriis diele.

Gert-Jan Hiemstra stie mei syn ‘Hiemteam’ 60e en hie eins nergens mear op rekkene. Lykas PSV sis mar……
Wy geane der fanút dat it by in wykpriis bliuwt 😉

Dooitze Nauta’s ‘Skobberdebonk’ pakt 9 punten en bliuwt stiid lêst.

SDS League 2024-2025 twadde helte stand wike 9