Weppers woansdei 5-11
4 november 2008Weppers tongersdei 6-11
5 november 2008
Troch it dûbele programma yn de eredivisie wienen der aardich wat punten te ferdielen. Dit is ek wol te merken yn de wykprizen. “Super Solo de Boer”(Ewout de Boer) en “Tom, Pieter & the Heartbreakers” pakke beide de wykpriis mei mar leafst 101 punten.
De koprinner bliuwt Lolke Hofstra mei Hallo Venray. Hy rint sels wer wat út op nûmer 2 Gert-Jan Hiemstra.
“FC Sjaak Afhaak”(Sybren Wesselius) liket definityf ôf te heakjen yn de striid om de prizen. Hy sakket fan 11 nei 21.
Fan de kredytkrisis is ek yn de SDS League wol wat te merken. “Staal United”(Redmer Strikwerda) leit op it heden net goed yn de merke en sakket fan 19 nei 32.
“Grensgeval”(Anne Brouwer is no definityf bûtenspul setten. Hy sakket fan 16 nei 41.
Wy ferwachtsje yn dizze wat donkerdere dagen hiel wat fan “Novembers Doom”fan Frouke Bleeker. It giet no noch net sa hurd. hy giet fan 62 nei 60.
Ûnderoan nimt it “30+team” fan Aant Hofstra de reade lantearn oer fan Klaas Pompstra. It “30+team” hie mar krekt mear as 30 punten en hie hjirmei fierwei de minste punten fan ‘e wike.
Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 5.
…………………..