SDS-FIFA-2017-toernoai dik slagge!

Sneon 10-12
10 december 2016
Tarieding SDS 1 winterstop en ferfolch
12 december 2016

It alderearste ‘SDS-FIFA-2017-toernoai’ ôfrûne freed wie in grut súkses!

Om 17.00 oere gienen 20 bern yn 4 poules fan 5 los om te striden om de grutte wikselbokaal. It waard in spannende striid wêr ’t Mark Klijnsma úteinlik in bytsje gelokkich yn de finale wûn fan Tjerk Ebbinge nei penaltys. Douwe-Jan Vellinga waard 3e en Sije van der Schaar 4e.

De grutte jongens gienen mei 16 man om 20.30 oere los. Ek hjir wienen der spannende potsjes, mar ek ferrassende útslaggen. Wietse Fopma wûn úteinlik yn de finale mei 2-1 fan Pieter Sijtsma. Jurjen Los waard 3e en Elger Turksma 4e.

Hjirby noch efkes ús komplimenten oan Elger Turksma, Allert Turksma, Jesse van der Weide, Hester Kingma en Jacob-Klaas Haitsma fan de aktiviteitenkommisje foar de perfekte organisaasje en WD-SAT foar it brûken fan de byldskermen.

Dit is seker foar werhelling fetber!

Yn de folgende Treffer kinne jim it wiidweidige ferslach lêze.

winnerssdsfifa2017toernoai winnerssdsfifa2017toernoaisenioaren