Wepperkes -sneon-
29 mei 2004Wepperkes – sneintejûn –
30 mei 2004Net folle sukse wie der op Juniorenpartij yn Frjentsjer foar al dy SDS-ers dy’t meidiene (sneon):
Mantgum: Skelte Anema
Mantgum hie twa blessearde/sike jonges. Skelte mocht net allinne keatse. Reglementair ferlern mei 5-0 6-0
Burchwert: Tjerk Okkema
Burchwert gie goed fan start tsjin Broeksterwâlde (mei Johan van der Meulen) mar moast mei in 5-2 6-6 nederlaach genoegen nimme
Wommels: Jacob Klaas Haitsma
Wommels bûkele troch de earste omloop hinne tsjin Bitsgum. Op 5-5 6-6 miste de opslagger fan Bitgum it perk. Jacob Klaas hie dúdlik in ôfskiedsfeest yn de fuotten mar foaral yn de hannen.
Spannum: Ido Harkema, Bote Strikwerda, Jacob Tijmersma
Spannum trof it net, want oantrede tsjin St Jabik (finalist) wie te dreech. 5-0 6-0 is lykwols wol hiel súterich
Easterein: Marten Faber, Tjipke Klaas Okkema, Dirk Y Sjaarda
Easterein hie gjin muoite mei Winsum. (5-1 6-6). Yn de twadde omloop waard Littens ek oan de kant setten. (5-4 6-6). Tsjin Frjentsjer yn de tredde omloop gie it goed oan 3 earsten gelyk ta. Doe waard it bûkeljen ynstee fan boppslaan. Op 5-4 en 6-2 wie it dien mei Easterein.
Op de foto: Tsjipke en Marten yn it perk
Itens: Albert Jan Kamstra, Sybren Nauta
Itens koe net winne fan Easterlittens. Einstân 5-1 en 6-2.
It is te hoopjen dat de senioren it moandei better dogge.