Oflast en wat no?
27 februari 2004Puntentelling SDS League
28 februari 2004Us oprop om om te jaan hoe’t wy de sneon omkrije sûnder fuotbal hat al wat reaksjes oplevere. Dus jou oan hoe’t jim de sneon trochbrocht hawwe. Hjirûnder al wat reaksjes, mar der kinne noch folle mear by. info@vv-sds.nl
Harm Auke Dijkstra
Hy flagge by de wedstriid Zeerobben – SDS en krige sa no en dan wat oanwizings fan lieder Anne Brouwer.
Sibe de Seefûgel
Hat dizze waarme dei brûkt om nei it strân te gean. It wie der wol aardich mar der is simmers mear te sjen, liet er ús witte.
.
Robert Hoekstra en de A’ s en B’s.
Ik bruk dizze frije sneon om (sa as alle oare dagen) wer efen fijn de skoalboeken yn te duken, hearlik!
Famylje Sipke en Tjeerd en mooglik ek oaren
Steane hjoed tenminste 3 helten yn de fille op reis nei de wintersport
Immen dy’t er net foarútkomme wol !
Ik oerwaagje om dan mar nei it kuorkebaljen te gean, at dat der is.
Enne J. Bruinsma
Dit twifelt: earst seit er dat er it hurdriden sjen giet, dan betinkt er him: hy giet op syk nei sponsors, tenzij it earste fuotbalje moat. Dan giet er dêr hinne. Enne is dus yn Harns fan ‘e middei om 14.00 oere
Marco de Graaf (F1)