EK-wepperkes
14 juni 2004Nij trainingsfjild
15 juni 2004Efkes letter as dat soe is hjir dan de earste stân fan de SDS EK-League. As it goed rint dan kinne jimme hjir fanôf hjoed eltse dei de nije stân fine.
De earste wedstriid fan it EK tusken Portugal en Griekenlân levere lyk al in grutte ferrassing op. Griekenlân wûn en der wie net ien yn de SDS EK-League dy ’t dit goed foarspeld hie.
53 dielnimmers hawwe wy by de SDS EK-League. Dêr steane der 3 fan boppe-oan en 1 stiif lêst. 3 Wommelsers steane boppe-oan mei 50 punten. Dat betekent dat sy allinne de wedstriid fan Portugal ferkeard hiene en foar de rest alles goed. De koprinners binne Gerrit Sytsma, Lolke Hofstra en Willem (ik snap der neat fan) Wijnia. Dat Willem nei jûn noch altiten mei boppe-oan stiet liket net wierskynlik. Sawol Nederlân-Dútslân as Tsjechië-Letlân hat hy op in lyk spul stean.
Stiif ûnderoan stiet de winner fan de lêste SDS League, Sjoerd Feenstra. Hy hat noch neat goed. Hy hat Portugal as winner fan it EK en dat kin der no al wol skuodsje.
Wy binne noch mar krekt los en der kin noch in soad feroarje. As ik jûn nei Nederlân-Dútslân nuchter, op tiid thús en de útslach goed haw, dan kinne jimme hjir jûn noch de nije stân fine. Oars wurdt it moarn.
Groeten, Willem.
Sjoch hjir foar de nije stân: Stân SDS EK-League 15 juni
De nije stân leit jûn ek yn ‘e Jimbar.