SDS B1 wint

SDS 3 en SDS A1 ôflast
6 december 2003
Utslaggen 6 desimber
6 december 2003

Under it tafersjoch fan in protte froulike fans (tredde jiers brugjes) rekkene SDS B1 ôf mei Skearnegoutum. Sjoen de stân wie it ek te ferwachtsjen dat SDS winne koe, mar it gie net maklik allegear. De readbroeken kamen sels foar troch in blunder fan de dodelman mar binnen de selde minut skoorde Jelmer Posthumus mei syn linker foet dy’t de deis te foaren noch oerriden wie troch it tsjil fan in rolstoel.

Nei de thee soarge in oantal wiksels der foar dat SDS wat mear druk hâlde koe. Doelpunten wiene it logysk gefolch. Feiko Broersma skoorde twa kear en syn twadde doelpunt wie in foarbyld hoe simpel fuotbal wêze kin. Yn gearwurking mei Geert Dijkstra en Ralph Wariman koe Feiko de bal prachtich ynskowe.

It lêste doelpunt wie in eigen doelpunt, nei alwer in goeie foarset fan Ralph.