SDS 5 hellet út

Doelpuntenmakkers
8 september 2003
Blinder wat binne we moai fuort west net?!
9 september 2003

De grutte konkurrinsje by SDS hâldt elkenien skerp. Sa is de opkomst op de training boppe de maat en sels Eddy oerwaget om tenei net allinne de tredde helte fan de traning mei te meitsjen. Lieder Ids Boersma hie freed in hiele klus. Mei 16 minsken moast hy immen ôfskilje en hy moast yn de earste helte in ploech delsette dy’t de tsjinstanner op de 0 hâldt, se wurch makke en mooglik ien kear skoorde. Dat slagge allegear troch in doelpunt fan Roel Sijbesma.

Yn it skoft mochten 4 oaren it fjild yn en sy moasten it ôfmeitsje mei de steanbliuwers. 7 doelpunten waarden der makke en it wie spitich dat de wiksels de earste 3 net seagen omdat se noch ûnder de brûs stiene.

De lêste 4 koene se noch wol sjen.  Doelpunten wiene der nei de thee fan Folkert R. , Eddy (2), Ype (2), Willem en Aant

De twa spitsen fan SDS 5 koene tefreden weromsjen op harren optreden