Nije trainer
24 november 2003Net nei Praag
25 november 2003Ofrûne freed hat de tuchtkommisje fan de KNVB útspraak dien yn de saak “Skearnegoutum”.
Troch papieren wedstriden te spyljen wie besocht SDS 5 (de feteranen) te wippen. Ek Anjum en Res binne no de dupe wurden fan dizze praktiken. Alle trije klups hawwe tajûn dat se ferkeard west hawwe en binne út de bekerstriid helle.
SDS 5 spilet de folgende wedstriid tsjin Minnertsgea. Wannear is noch net bekind.