SDS 4 op stap

Wepperkes -snein-
14 mei 2006
Wepperkes -moandei-
14 mei 2006

De reis der hinne……
Der wie in strak skema opsteld troch Ype en Sipke. Dat skema wie al net mear fan tapassing doe’t de Eastereinder ploech minstens in kertier te let yn Wommels oankamen en doe earst ek noch allegear pinne moasten.
Mei in lolly yn de mûle en Ids en Aant as wynbrekker en de wyn yn de rêch waard besocht de efterstân yn te heljen……. Douwe Kool slúte oan krekt as Folkert Rients.

De Bieren…….
boerengolf_005.JPG
Bij de Bieren wie in ûnferwachte pitstop. Dêr stie samar in auto yn de berm mei in oantal Hertog Jannen yn de kofferbak dy’t it dêr tige benaud hiene. Sûnder stimming waard besluten de kâlde kletsen út harren lijen te ferlossen. Undanks de skerpe jarrelucht fan wierskynlik Pieter Liuwe smakken se prima.

Lollum- City
Ype B. en Trienus de J. moatte altiten fier reizgje nei it fuotbaljen, mar dizze kear hiene se in makkie. Sij stiene al ûgeduldich te wachtsjen. It wie fansels wol lullich foar harren dat sij noch net kennis makke hiene mei de Hertog Jannen en dêrom waard wer sûnder stimming besluten dat Elly krekt bûten Lollum de kofferbak wer iepen dwaan soe om ek de Lollumers de gelegenheid te jaan de smaak te pakken te krijen. De oaren dronken foar de gesellichheid ien mei.

Slachtehiem
Dochs noch moai op tiid waarden wij as echte gasten ûntfongen op dizze rekreaasje pôle. Want wat je dêr net allegear dwaan komme dat is net te beskriuwen. Yn feite alles wat je oeral dwaan kinne, mar dan mei it wurdje “boere”der foar. Wij krigen in bakje boerekofje, in boerenkeekje en wij pisten as boeren. Fansels klaaiden wij ek efkes as boeren mar dat gie net oer dizze jûn. 

Boerengolve
Mei grutte spanning yn de lea kamen wij oan op de golfbaan. De kopkes stiene strak want no soe it der dochs om gean. Bij in oantal wie dúdlik te sjen dat se ta de rotary fan de klup heare, want wierskynlik hiene sij al ris oefene mei de mei soarch útkeazen útrêsting fan de Aldi. Hjir moasten se it sûnder de orisjinele golfwantsjes, golfskuontsjes, golfbril, golftaal dwaan.

Op de baan
boerengolf_020_492x368.JPG
Mei twa tallen waard besocht de 12 holes troch te kommen. It gers oan de knibbels ta en mei holes dy’t oan de oare kant fan de feart leine. De slaggen moasten teld wurde en alle kearen dat de bal yn de feart lei, kamen der twa strafpunten bij. Net elkenein slagge der yn droech oan de streep te kommen.

De útslach
boerengolf_027_492x368.JPG
Neidat de erfaringen útwiksele wiene en foardat it fierljeppen begjinne soe, waard de útslach bekind makke. It die bliken dat in oantal net begrepen hoe’t de telling krekt gie. Hjir de krekte útslach:
1. Roel          131
2. Aant          128
3. Ids             126
4. Folkert R    124
5. Ype T         123
6. Ype B.        122
7. Trienus        122
8. Sjoerd         119
7. Jelle             107
8. Douwe         102
9. Piet                98
10. Stoffel           96
11.Tjeerd           94
12 Sipke            91
Foar de dúdlikeid: der is gjin rekken hâlden mei de yndividuele handicapts. It kompjoeterprogramma koe safolle ferskillende handicapts net oan.
Jaap Boekholt stiet net yn de útslach. Hij kaam te let en die de tredde helte folop mei.

It is tsjuster dus tiid om de fierljeppen
It folgende hichtepunt fan de jûn dat moast it ljeppen wurde. De lytse sleatsjes waarden mei gemak nommen. Utsein Piet dy gie mei ien pols nei de oare kant en kaam mei twa stikken werom. Gelokkich sûnder in blessure op te rinnen. Piet hat al oanjûn dat hij in djipgeand ûndersyk ynstelle sil.

boerengolf_030_492x368.JPG

In iets bredere feart wie foar de measte leafhawwers ek gjin probleem.Utsein Ype T. dy’t seach de berm iets mear nei foaren lizzen.

De finale
De grutte finale waard holden bij de opfeart. De ljepakkomodaasje wie noch net klear (it wie sels sa dat men der net oprekkene dat dêr guon fierljeppe woene) mar meinamme Trienus en Folkert Rients wiene net te stopjen.
It gie der net om at je oer de feart springe moasten, mar wa’t it fierste yn it wetter springe koe, want mei in pols fan 4.5 meter, in feart 9 meter breed en hast twa meter djip  like it mear op sweltsje tippe.
Trinus en Folkert Rients brochten it publyk yn grutte ekstase mei prachtige sprongen en dat noege oaren ek út om mei te dwaan. Jelle, Douwe, Roel, Ype en Stoffel diene ek noch in poging mar sij hiene der gelyk ek sa wol ynspringe kind.

Neiprate
boerengolf_052_492x368.JPG
Yn it “dophok “dêr waard noch efkes nei praten en songen. Nederlansk talige hits op fersyk fan Ype, ACDC op fersyk fan Piet, Sebeare op fersyk fan Folkert Rients en Whiskey yn the jar op spesjaal fersyk fan Stoffel.

De reis werom
It wie ûnderwilens noch altiten tsjuster ûndanks de folle moanne. De fytsen waarden wer opsocht en neidat elkenien it sadel ek fûn hie, waard de reis werom oanfongen. De wyn wie draaid.
It gie bêst, net te ticht bij elkoar sadat elkenien goed de romte hie om in ûnferwachte beweging te meitsjen Sa no en dan waard noch efkes oefene op faltechnyk, wat de tongerdeitejûns bij de generale ek al efkes beoefene wie, mar mear as wat skeafwontsjes levere dat net op.

Farske bôle
Yn Wommels koene je de bakker al rûke en de Eastereinders gyngen op it toskfleis de lêste trije kilometer oan. Doe sliepten Ype B en Trienus de J al lang.

Moarns betiid
It jûntsje út hâldt nea op bij de sliep. It giet gewoan fierder at je de oare moarn betiid al wer tegelsette moatte, op de bern passe, nei it keatsen ta of op jierdei bij famylje. Sa soarge elkenien der foar dat je middeis om healwei 2 oere wer goed bij sûp en stút wiene, want doe gie de reis nei Hielpen ta om de pleatslike favoriten “te ferslaan”

De wedstryd
In net al te fitte ploech moast it opnimme tsjin in fanatyk Hielpen 2. Doe’t it nei 2 minuten al 1-0 wie, tochten de measten gelyk: sjen at wij it ûnder de 10 hâlde kinne.
Mar ûnferwachte krêften kamen boppe en SDS hold goed stân. Bij it skoft wie it noch mar 1-0. Mochten je ferwachtsje dat SDS yn de twadde de man mei de hammer tsjin komme soe, dan hawwe je it mis. SDS makke it spul (Gerlof Jan waard de útblinker) en krige prima kansen en doelpunten. Ype en Roel skoorden. Mei de wurden fan Folkert Rients yn de efterholle (at wij winne spring ik ek oer dy grutte feart hjir) waard besocht de foarsprong fêst te hâlden. Dat slagge net tanksij Tjeerd en Bertus.
Tjeerd rekke de skeids efkes oan (gjin triuw, gjin dreun) en krige read. Bertus helle ien ûnderút binne de 16 en krige giel en Hielpen in strafskop.

2-2 waard de einstân en dat wie in prestaasje dy’t stiet.

Alle foto’s fan dit barren kinne jim
hjir sjen.