Nije SDS-League!!
12 augustus 2003Alle programma’s binne klear
13 augustus 2003SDS 2 hat tiisdei syn earste oefenwedstriid mei 4-1 wûn fan Hielpen 1. Yn Hielpen spile SDS 2 in goeie wedstriid. Lokkich genôch wie it yn Hielpen wat minder waarm as yn Easterein. It sêfte “seewyntsje” die de spilers fan SDS goed. De earste helte wienen der in soad goeie kombinaasjes en Hielpen koe neat oars dwaan dan hjir nei te sjen. Dochs krige Hielpen wol inkelde lytse kânsen, mar drok krige keeper Marten Faber it net. SDS krige ek kânskes, mar wie de earste helte noch net skerp genôch. Jappie Wijnia makke al in goal, mar dizze waard ôfkard om bûtenspul.
Nei de rêst wie it spul fan SDS al wat minder, mar no kamen der al goals. Wa oars dan “good old” Jappie Wijnia makke fansels de 1-0 mei de kop nei in korner fan Willem Wijnia. Jappie makke ek de 2-0. In foarset fan Jeroen Brouwer waard net hielendal goed besjoen troch de keeper fan Hielpen en Jappie koe de bal yntikje. De 3-0 wie de moaiste goal. Ydo Harkema steam op fanôf de rjochtsachter en naam de bal oan ‘e foet mei nei in goeie kombinaasje. Fanút in moeilijke hoeke skeat hy de bal fia de ûnderkant fan ‘e latte hast troch it net hinne. Harm-Auke Dijkstra makke de 4-0. Nei in geharrewar foar de goal stie hy allinne tsjinoer fiif man. Ien kapte der út en hy skeat de bal ala Gerd Müller(wa kin him noch?) yn. Dernei wie foar SDS de piip wat leech en koe Hielpen noch de 4-1 meitsje. De lieders Durk Okkema en Jan van Asselt koenen net ûntefreden wêze.
Opstelling SDS 2:
Keeper: Marten Faber
Achter: Ydo Harkema, Christian Hoekstra, Tjeerd Breeuwsma en Samme Overal
Midden: Arnold Hoekstra, Jappie Wijnia, Gerrit Hingst en Jeroen Brouwer.
Voor: Willem Wijnia en Harm-Auke Dijkstra.
Yn ‘e rin fan de wedstriid kamen: Marco Brouwer, Auke Hiemstra, Jos Zonderland en Pieter Kamstra noch yn it fjild.
De folgende wedstriid foar SDS 2 is sneon 23 augustus foar de beker út tsjin Mulier.