SDS 2 wint derby

SDS A1:‘De tweede helft; een obsessie voor SDS A1’
15 februari 2004
Wepperkes
16 februari 2004

SDS pakte trije moaie punten yn Nijlân en naam hjirmei revanche op de eardere nederlaach tsjin Nijlân. De wedstriid wie fan beide kanten net goed. It fjild wie glêd en it wie te merken dat beide ploegen weinich fuotballe hienen yn it winterskoft. Nijlân kaam yn de earste helte op 1-0 nei wat foutsjes fan SDS-kant efteryn. Dit wylst SDS neat minder wie. Nijlân krige sels de kâns op 2-0 mar allinne foar de keeper reagearde Marten sterk. SDS kaam der dernei wat mear út. Henk Postma makke de earste goeie kâns lyk ôf. Allinne op de keeper ôf sjitte hy de bal hast troch it net. Foar it skoft makke hy ek noch de 2-1. Nei in ôfsleine korner sette Willem de bal op  ‘e nei foar en Henk kopte de bal knap yn.

Yn de twadde helte krige Nijlân gjin kâns mear. SDS slagge der allinne mar dreech yn om de befrijende 3-1 te meitsjen. Pas in kertier foar tiid makke Stefan van Krimpen dan eindliks de goal. Hjirfoar hienen Henk, Willem en Harm Auke al grutte kânsen ferskiten. Nijlân makke noch 3-2 út in frije traap, mar dreech hat it net mear west.


Folgende wike spilet SDS thús de topper tsjin de nûmer twa; Olde Veste.