SDS 2 te goed foar Kollum 2

In klotske op de holle
23 november 2003
Reiske nei Praag?
24 november 2003

SDS twa te goed foar Kollum twa

Sneon 22 novimber stoen d’r foar SDS in bekerwedstriid op it program. De fuotbalploech út Kollum wie de tsjinstanner. Dizze reserve treddeklasser hie in ronde earder in earsteklasser útskeakele mei dikke sifers en troch dit resultaat tochten de Kollumer supporters waarskynlik dat twadde klasser SDS ek wol te pakken wie en se kamen dan ek yn grutte getallen nei Easterein. It hie sa moai foar dizze minsken wêze kinnen.

It twadde miste hjoed ien fan it dynamyske trainersduo, omdat D.O. siik wie moast J. van A.  it hjoed allinnich opknappe. Hij betocht in 4-4-2 opstelling om mei te begjinnen yn de earste helte. Dit pakte net hielendal goed út, oeral waarden foutsjes makke en dêrtroch wienen de Kollumers hast better dan ús. Se krigen selfs in pear lytse kânskes mar echt gefaarlik koenen se net wurde. SDS koe foaryn ek gjin poaten brekke. It wie S.van K. mei in kânske mar dizze linkspoat skopte in foarset fan rjochts mei rjochts heech oer. It bleaun 0-0 de earste helte.

J. van A. net hielendal tefreden, paste in taktyske wiksel ta en skowde ien fan de middenfielders nei foaren wêrtroch we 4-3-3 gongen fuotbaljen. Dit wie in goeie beslissing. SDS domineare de twadde helte en koe in pear hiele goeie kânsen krëeare. Sa kaam linksfoar H.P. twa kear each yn each mei de Kollumer keeper mar hij koe dizze langhierige keeper net passeare. Ek rjochtsbeck S.O. kaam twa kear allinich foar de keeper mar ek hij koe dizze goeie doelwachter net fiskje litte.

De Kollumers brochten yn de twadde helte in nije man deryn. Dizze spierblonde hurd dravende rjochtsfoar hat yn de 30 minuten dat ‘r fuotballe het goed kennis meitsje kinnen mei SDS linksbeck T.B. ik tink dat it wol goed klikte tusken dizze twa want se wienen net bij elkoar wei te slaan.

De Kollumers ha de twadde helte in pear lytse kânskes hân mar ek ús eigen keeper M.F. keepte foutloos en dêrtroch stoen nei 90 minuten noch steeds de brilstân op it boerd. Doe moasten pengels de beslissing bringe. Nei 5 pengels hienen beide ploegen d’r ien mist en doe moast d’r in 6e pengel naam wurde. D.O. skoarde koelbloedich foar SDS en doe moasten de kollumers skoare om yn de race te bliuwen, ien fan de Kollumers stapte nei foaren, hij hie ferrekte brúne skonken mar dit kaam net troch de sinne, en hij skeat de bal heech oer. Dêrtroch bekert SDS twa fierder en is de dream foar Kollum twa oer.

 

S.A. út M.