SDS 2 de boat yn

Utslaggen 12 april
12 april 2004
Gearard pakt pinguin-bokaal!
13 april 2004

SDS 2 hat juster op Peaskemoandei mei 1-0 thús ferlern fan Flevo Boys. Foar SDS wie dit wer ris wat oars. Nei 17(!) wedstriden efter elkoar wûn te hawwen witte sy no wer wat ferliezen is.

SDS 2 koe juster gjin fûst meitsje tsjin Flevo Boys. Eltsenien die stjonkend syn best, mar it slagge mar net. De earste helte krige SDS genôch kânsen mar de bal woe net yn it net. Sa wienen der grutte kânsen foar Henk en Willem. Flevo Boys kaam op 1-0 nei in te koarte weromkopbal fan Auke op Jappie(ferfanger fan Marten) wêr in Emmeloarder tusken komme koe.

De twadde helte krigen beide ploechen wol kânsen, mar skoord waard der net mear. Foar de taskôgers, dy yn grutte getalen kommen wie, wie der net in soad te belibjen. Hooplik wie it nei de wedstriid noch wat gesellich yn de kantine. Op Aaipop wie it feest der yn elts gefal neat minder om.

Foar skiedsrjochter Tigchelaar út Harns wie it ek in minne middei. Neffens syn informaasje moat dit de earste wedstriid west hawwe dat in team fan SDS ûnder syn lieding ferlern hat.

SDS 2 stiet no, mei noch 4 wedstriden te gean, 8 punten foar op Olde Veste. Sy hawwe beide like folle wedstriden fuotballe. SDS 2 moat sneon nei de nûmer 3, Balk.