SDS 1 wint fan Makkum

Bruorren de Jong skore omraak
13 september 2003
SDS 2 ferliest yn Koudum
14 september 2003

SDS 1 hat ek syn twadde wedstriid yn ‘e kompetysje wûn. Yn Easterein waard Makkum mei 3-1 ferslein. Al docht de einstân oars fermoeden; SDS kaam goed wei.

Yn ‘e earste helte wie it foaral SDS wat inkelde kânskes krige. Echt oertsjûgend wie it spul net. Yn ‘e twadde helte like der wat mear fjoer yn te kommen. Hielendal doe Hendrik de Jong in goal makke nei goed wurk fan Henk Postma. Dizze goal waard allinne ôfkard om bûtenspul. De taskôggers koenen net rjocht gewaar wurde wa at dat dan west hawwe moast. Efkes letter wie it dan al Hendrik de Jong dy ’t nei in goeie aksje de 1-0 makke. Noch gjin twa minuten letter makke hy sa ek de 2-0. De wedstriid like dien. It wie allinne Makkum dy ’t hjir oars oer tocht. Nei in korner makken sy nei in “scrimmage” de oanslútingstreffer. Efkes foar tiid liken sy sels de lykmakker noch te meitsjen. Lokkich genôch waard dizze goal ôfkard foar bûtenspul. Meinammen it publyk út Makkum wie it net hielendal iens mei dizze beslissing. Efkes letter waard Marco Ottens(yn it fjild kaam foar Henk Postma) oan ‘e oare kant fan it fjild ûnderút lutsen yn it strafskopgebied. De takinde penalty waard troch Harm Stremler hurd yn ‘e hoeke sjitten. De keeper hie gjin kâns. Sa waard it dochs noch 3-1. Man fan ‘e wedstriid waard Hendrik de Jong.

Miskien spilet SDS 1 folgende wike wer thús. Sy moatte eins út tsjin de Sweach mar omdat dêr de fjilden net ynoarder binne wurdt de wedstriid miskien omdraait. Wy hâlde jimme fansels op ‘e hichte.