SDS 1 pakt 3e periode

Durk de Jong skoort 3 kear mar A1 ferliest
10 mei 2003
“Feteranen”winne fan Mulier 2
12 mei 2003

SDS 1 hat juster tsjin Heech de 3e periode wûn. SDS wûn mei 2-0 troch 2 goals fan Hendrik de Jong. Trochdat CVVO en Oeverzwaluwen ferlearen pakte SDS de 3e periode. Sy moatte no mei CVVO, Balk en in ploech út de 2e klasse útmeitsje wa at der kommend seizoen yn ‘e 2e klasse fuotbalje mei.

SDS wûn frij maklik yn Heech. Foar Heech stie der ek noch genôch(behâld fan ‘e 3e klasse) op it spul, mar dochs koe de ploech nea in fûst meitsje. Beide ploechen krigen yn ‘e earste helte inkelde lytse kânsen. It spul wie fan beide kanten net altiten like goed. De 2e helte koe Hendrik de Jong al gau 0-1 meitsje, mei de kop, nei in goeie foarset fan Wichard Deinum. Hjirnei like SDS de wedstriid maklik út te spyljen. Heech drong sa no en dan efkes oan, mar tot echte kânsen koenen sy net komme. Doe Hendrik de Jong ek de 0-2 meitsje koe, wie it hielendal dien. Heech bliuwt ûndanks dit ferlies dochs yn ‘e 3e klasse.

Floris Hiemstra pakte noch in giele kaart wertroch hy de earste 2 wedstriden yn ‘e neikompetysje skorst is.

It programma foar de neikompetysje is ús noch net bekind. Mocht ien it witte, mail dit dan efkes nei info@vv-sds.nl.